Louis Daguerre

(Trochferwiisd fan L.J.M. Daguerre)

Louis Jacques Mandé Daguerre (Cormeilles (by Parys), 18 novimber 1787 - Bry-sur-Marne, 10 july 1851) wie in Frânsk keunstner en fotograaf; hy wurdt beskôge as ien fan de útfiners fan de fotografy.

Louis Daguerre (daguerreotype)
Stillibben yn Daguerre syn atelier (daguerreotype)

Hoewol't er it meast ferneamd waard fan syn bydragen oan de fotografy, wie er ek in fertsjinstlik keunstskilder en de betinker fan it diorama. Yn 1826 makke er tegearre mei de Frânsman Nicéphore Niépce de earste slagge foto. Dêrnei lei er him ta op it ûntwikkeljen fan in metoade om flugger fotoos te meitsjen.

Yn 1837 (nei de dea fan Niépce) fûn Daguerre de daguerreotypy út, in metoade wêrmei't op grutte skeal foto's ûntwikkele wurde koene. It wie in prosedee wêr't in glânzge, mei kwikdampen preparearre plaat by brûkt waard dy't positive, spegele bylden opsmiet dy't net reprodusearre wurde koene. De bylden wiene wol tige detaillearre.

Louis Daguerre waard opnaam yn de eksklusive Oarder "Pour le Mérite". Hy is ien fan de 72 Frânsen waans nammen op de Eiffeltoer skrast steane.

Iepenbiere kolleksjes (karút)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Objecten in het Rijksmuseum