LEGiO-museum
It LEGiO-museum stiet oan de Legoleane yn Gruttegast. Yn it eardere distribúsjesintrum foar Nederlân fan de Deenske firma LEGO, dat fan 1963 oant 1998 yn gebrûk wie, hat in groep frijwilligers út ‘e omkriten fan Gruttegast in tige folsleine útstalling oer de skiednis fan Lego yn Gruttegast makke. Om’t it museum net in ûnderdiel fan it Lego-konsern sels is, waard keazen foar in wat boartlike i yn de namme. Dy i yn it LEGiO-logo wurdt stal jûn mei twa legoblokjes, in blauwe mei acht en in giele mei fjouwer ferbiningsnopkes. It museum gie iepen yn it foarjier fan 2016.[1]
Besjen
bewurkje seksjeYn in grut tal fitrines wurde de ferskate Lego-fernijingen yn ‘e tiid setten. Sa falt der foar pakes en grif guon beppes ek likefolle te ferwûnderjen as foar de pake-en-beppesizzers. Lânskippen toane makettes fan alderhande gebouwen lykas de Grinzer Martinitoer en it planetarium fan Frjentsjer. Mar ek hiele oare saken, bygelyks in draaiende merke. Mei in druk op ‘e knop kinne ‘bern’ sels ferskate treinen opgong bringe. Alle fearnsjierren wurdt de útstalling fernijd.
Bioskoop
bewurkje seksjeYn de filmseal dy’t foar in húsbioskoop net ûnder hoecht te dwaan, kinne besikers de ûntjouwing besjen fan in ienfâldige meubelmakkerij dy’t út earmoede begjint mei it meitsjen fan houten boartersguod, oant it tred-grutste bedriuw op it mêd fan boartersguod op ‘e wrâld.
Boartsje
bewurkje seksjeFansels wurdt ek it bouwen net fergetten. Oan in grut tal tafels kin elkenien bouwe mei alderhande mooglike Lego- en Duplo-ûnderdielen.
Kompjûterspullen
bewurkje seksjeWa’t net bouwe wol, kin him fermeitsje mei spultsjes op ‘e kompjûter dy’t hielendal nei de Lego-foarmen makke binne.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |