Laïla Abid (Meknes (Marokko), 21 maart 1977) is in Nederlânsk-Marokkaansk sjoernaliste, ferslachjouster en nijslêzeresse.

Laïla Abid
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Laïla Abid
nasjonaliteit Marokkaansk
Nederlânsk
berne 21 maart 1977
berteplak Meknes (Marokko)
etnisiteit Marokkaansk-Arabysk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist, ferslachjouster,
nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by AVRO, NOS
bekend fan NOS Journaal
jierren aktyf 20032011
offisjele webside
Laïla Abid op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Abid waard yn 1977 berne yn it Marokkaanske Meknes, mar emigrearre op jonge leeftyd mei har âlden nei Nederlân ta. Hja studearre fan 1998 ôf Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Hegeskoalle fan Amsterdam, en dêrnei fan 2001 oant 2003 sjoernalistyk oan 'e Hegeskoalle fan Utert, in oplieding dy't hja ôfrûne mei it beheljen fan in bachelorstitel. Yn 2008 behelle se har masterstitel oan 'e Frije Universiteit.

Har sjoernalistike karriêre begûn Abid by de AVRO, dêr't se ferslachjouster op lokaasje wie foar it misdieprogramma Opsporing Verzocht. Sûnt febrewaris 2005 wurke se as nijslêzeresse by de regionale omrop RTV Noard-Hollân, en fanôf 2007 by de kommersjele radiostjoerder BNR Nieuwsradio. Fan 2008 oant 2011 wie hja wurksum by de NOS, as nijslêzeresse fan it NOS Sjoernaal. Dêrby naam se trije dagen yn 'e wike benammen de moarns- en middeisútstjoerings foar har rekken. Fierders wurke hja op 'e bûtenlânredaksje fan 'e NOS. De rûnboarstige Abid rekke tige populêr ûnder in grut part fan it manlike publyk, doe't se it NOS sjoernaal ris presintearre mei in útsûnderlik djip dekolletee. Yn 2011 waard se keazen as nûmer 88 op in list fan 'e hûndert ynfloedrykste Arabyske froulju.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.