Lambertschaag (Frysk: Lambertskeech[1]; West-Frysk: Lambertskaag) is in doarpke yn 'e Noard-Hollânske gemeente Medemblik (Frysk: Memleke)[2].

Lambertskeech
Emblemen
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal 175 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 3,55 km²
lân: 3,42 km²
wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 51 ynw./km²
Oar
Postkoade 1658
Koördinaten 52°44 'NB, 5°1'EL
Offisjele webside
FB-side
Kaart
Lambertschaag (Medemblik)
Lambertschaag

Lambertskeech wurdt yn 1319 neamd as Lambrachtscoich en yn 1396 as Lambrechtkage. It plak ferwiist nei de patroanhillige Lambertus, dy't yn 'e 7e iuw foar in hoart yn it oanbuorjende Abbekerk omhûsmanne. It twadde diel fan 'e namme ferwiist nei 'bûtendyksk'. De 's' fan it earste diel soe troch de iuwen hinne dêrnei ferskood wêze nei it twadde diel en sa waard it fan 'skagen' en 'skaach' it tsjintwurdich 'schaag'.

 
Koggehûs.

Foar de ynpoldering fan 'e Wieringermar lei Lambertskeech oan 'e Sudersee. By it doarp stiene trije poldermûnen, dy't oer de boezem en de útwetteringsslûs it wetter op see útmeallen. Mei't de polder Wieringermar ûntstie, binne de mûnen ôfbrutsen.

Lambertskeech is in lintdoarp mei hûzen en ferskillende stjelpen. Mei Abbekerk (Frysk: Abbetsjerke)[3] dielde Lambertskaag in stasjongebouke oan it spoar Hoarn-Medemblik. Fan 3 novimber 1887 oant 5 jannewaris 1941 wie it stasjon yn gebrûk. Lykas de toer fan 'e tsjerke is it gebou grien fan kleur.

Foar de weryndieling fan 1 jannewaris 1979 hearde it doarp by de gemeente Abbekerk. Fan 1979 oant 2007 foel it doarp yn de gemeente Noarder-Koggelân, dêr't ek it oanbuorjende Abbekerk by yndield wie. Tsjinwurdich heart it doarp by de gemeente Medemblik.

  De Wikipedy hat ek in side Lambertustsjerke (Lambertskaag).

Al út de tsjerkelisten fan it bisdom Utert kin opmakke wurde dat der in tsjerke yn Lambertskeech stie. De hjoeddeiske tsjerke waard om 1500 hinne boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  3. Nij Frisia, maart 2015, side 20

  Gemeente Medemblik  
Stêd:
Medemblik
Doarpen:
AbbekerkAndijkBenningbroekHauwertLambertschaagMidwoud · NibbixwoudOnderdijkOostwoudOpperdoesSibekarspelTwisk · Wadway (foar in part) • WervershoofWognumZwaagdijk
  ·   ·