Lammert Bos
Lambert Bos (Warkum, 23 oktober 1670 - Frjentsjer, 6 jannewaris 1717) (of Lambertus Bos of Lammert Bos) wie in Nederlânsk gelearde, kritikus en foarrinner fan Tiberius Hemsterhuis.
Lambert Bos waard berne yn Warkum dêr't syn heit, Jakob Bos, haad fan de skoalle wie. Syn mem wie Gerarda de Haan.[1] Hy waard doopt yn de herfoarme tsjerke fan Warkum op 25 novimber 1670.[2]
Hy gie nei de Universiteit fan Frjentsjer en waard dêr yn 1697 beneamd ta lektor en professor yn 't Gryksk yn 1704. Op 28 febrewaris 1712 troude er mei Feiktje Doeckes Sineda, de widdo fan dûmny Gerradus Horreus[3], en eardere widdo fan Dominic Camper.[1] Nei in libben sûnder opfallende hichte- of djiptepunten stoar er yn Frjentsjer yn 1717.
Bos syn ferneamdste wurk is Ellipses Graecae[4] (1702), en syn Antiquitates Graecae (1714), dy't ferskate edysjes sjen mochten. Bos publisearre ek Vetus Testamentum, Ex Versione lxx. Interpretum[5] (1709); oantekeningen oer Thomas Magister (1698); Exercitationes Philologicae ad loca nonnulla Novi Foederis (1700); Animadversiones ad Scriptores quosdam Graecos (1715); en twa lytse traktaten oer Accenten en Grykske Syntaxis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|