Lammert Skeltes Hilarides
Lammert Skeltes Hilarides (Penjum, 7 april 1868 - Ljouwert, 19 july 1934)[1] wie in boer, keatser en bestjoerslid út Penjum. As keatser stie er bekend om syn hurde opslaggen en skeane oanloop. As boeresoan learde er keatsen yn it bûthús. Doe't er sechtjin jier wie begûn er mei wedstrydkeatsen en ferskynde al gau by earsteklas (no haadklasse) wedstriden en wûn yn 1886 meardere prizen. Yn 1887 wûn er mei de PC mei Klaas Willems Boorsma en Jacob K. Wassenaar en waard ta kening útroppen. Soks barde nochris yn 1888 en 1889. Mei elkoar kaam er fjouwer kear op de PC út.
Hy wie jierrenlang bestjoerslid fan alderlei ferienings en ynstânsjes. Foar de keatsferiening 'Jan Reitsma' wie er in wolbesprake bestjoerder. Boppedat wie er skiedsrjochter by it bûn en hie dy funksje fyftjin jier (1919 - 1933) by de PC. Elke moarn fan de PC-dei mocht er mei de foarsitter yn de koets de tradisjonele rit troch Frjentsjer meitsje. Syn optreden as skiedsrechter wie beskieden, mei kennis fan saken en rjochtfeardigens. Dat lêste makke er net allinnich freonen mei, want op de PC fan 1924 kamen twa spilers te let en it partoer waard fan dielname útsluten. De oare keatsers wienen it hjir net mei iens en drigen mei in staking. De PC-kommisje besluet de beide útsluten spilers yn 'e mjitte te kommen en dêrnei koe de wedstryd begjinne. Beide spilers waarden wol foar de rest fan it seizoen, sawat seis wike, útsletten en troch solidariteit fan de oare spilers waarden gjin wedstriden mear op it heechste nivo holden. Yn 1925 koe der wer gewoan keatst wurde.
Foar syn fertsjinsten krige er yn 1937 in monumint oan de Grutte Buorren yn Penjum. It monumint is makke troch Gerhardus Jan Adema dy't ek it byld fan Us Mem makke hat foar de provinsje Fryslân. De Lammert Skeltesstrjitte is ek nei him neamd.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |