Gerhardus Jan Adema
Gerhardus Jan Adema (Frjentsjer, 26 desimber 1898 - Ljouwert, 15 desimber 1981) wie in Fryske keunstner.[1]
Gerhardus Jan Adema | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gerhardus Jan Adema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 desimber 1898 | |
berteplak | Frjentsjer | |
stoarn | 15 desimber 1981 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldhouwer, keunstskilder |
Adema wie hússkilder yn Huzum, as keunstner wie er autodidakt. Yn de Ljouwerter Krante advertearre hy yn 1938 as "Schildersbedrijf G.J. Adema annex beeldhouwer, portret- en reclameschilder".[2] Hy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners.
De skilder Adema hie fral it hynder as ûnderwerp; hy eksposeare jierliks by it concours hippique in Ljouwert. As byldhouwer makke er meardere brûnzen portretten. Hy wie teffens medaljeur en restaurateur fan skilderijen. Syn bekendste wurk is sûnder mis syn byld fan de Fryske stamboekko (1954), dat al fluch de bynamme Us Mem krigen hat.
Adema is ferstoarn yn it Ljouwerter Sint Bonifatius Hospitaal, twa wiken foar syn 83e jierdei.
Byldhouwurk
bewurkje seksje- doopfont (1956)
- gevelbyld Fransiskus fan Assisy (1949)
- gevelstien Gysbert Japiks (1960)
- boarstbyld Titus Brandsma (1966)
- plakette yn granyt oan Gysbert Japicksbrêge.
- boarstbyld J. Heeres, grûnlizzer Van der Plaats NV
- boarstbyld Eise Eisinga (1982)
- plakette Eise Eisinga (1928)
- Us Mem (1954)
- jongeling ambachtsskoalle.
- ploechgong Stania State.
- Monumint Lammert Scheltes Hilarides (1937)
Fotogalery
bewurkje seksje-
Fransiskus van Assisy
-
Eise Eisinga
-
Gysbert Japiks
Boarnen
bewurkje seksje- ↑ Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- ↑ Ljouwerter Krante, 21 maart 1938
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerhardus Jan Adema fan Wikimedia Commons. |