Sint-Bonifatius Hospitaal

(Trochferwiisd fan Sint Bonifatius Hospitaal)

It Sint-Bonifatius Hospitaal, yn de folksmûle wol Bonnehos neamd, wie foarhinne in sikehûs yn Ljouwert.

Sint-Bonifatius Hospitaal
  sikehûs
It oarspronklike Sint-Bonifatius Hospitaal oan de Foarstreek.
It oarspronklike Sint-Bonifatius Hospitaal oan de Foarstreek.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Foarstreek (1887-1935)
Mr. P.J. Troelstrawei (1935-1982)
koördinaten 53°12′37″N 5°47′10″W
bysûnderheden
ôfkoarting "Bonne Hos"
type algemien sikehûs
streaming roomsk-katolyk
skiednis
ferneamd nei Bonifatius
hist. namme Sint-Antoni Hospitaal
oprjochting 1883
opheffing 1982
opgien yn Medysk Sintrum Ljouwert
gebou
namme gebou Sint-Bonifatius Hospitaal
boujier 1935
sloopjier 2004-2008
kaart
Sint-Bonifatius Hospitaal (Ljouwert)
Sint-Bonifatius Hospitaal
Lokaasje fan it Sint-Bonifatius Hospitaal oan 'e Mr. P.J. Troelstrawei.

Yn 1883 waard it sikehûs stifte troch trije Fransiskaanske nonnen út Dútslân as it Sint-Antoni Hospitaal. Yn 1887 krige it in plak yn 'e pastorij fan 'e Sint-Bonifatiustsjerke, oan de Foarstreek yn it sintrum fan de stêd. Dêrfandinne kaam it oan syn úteinlike namme.

Fanwege romtetekoart krige it sikehûs yn 1935 in nij ûnderkommen benoarden de binnenstêd oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei. It gebou lei yn in park en waard yn de jierren 60 flink útwreide mei nijbou.

Yn 1982 fusearren de trije Ljouwerter sikehûzen: Sint Bonifatius Hospitaal, Diakonessehûs en Triotel. De nije namme Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). It Sint-Bonifatius Hospitaal krige dêrby de namme MCL-Noard.

Nei de fusy waard stadich oan alle medyske saken op de lokaasje fan it Triotel (MCL-súd) konsintrearre. Yn 2004 sleat MCL-noard de doaren, wylst it Diakonessenhûs (MCL-Midden) dat yn 1987 al dien hie.

Tsjintwurdich is it gebou oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei op in lyts stik nei ôfbrutsen. Op it terrein kaam in nije wenwyk, Sint Bonifatius Park.