Lange Sleat (Earnewâld)
De Lange Sleat is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It wetter rint fan it Prinses Margrietkanaal besuden Warten troch de De Alde Feanen nei de Sânemar by Earnewâld.
De namme Lange Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lange Sloot.