Languedoc-Roussillon

regio yn Frankryk
Languedoc-Roussillon

([[{{{flagartikel}}}|Details]])
wapen ontbreekt
Lizzing fan Languedok-Roussillon yn Frankryk
Haadstêd Montpellier
Arrondisseminten 14
Kantons 186
Gemeenten 1 545
Departeminten Aude (11)
Gard (30)
Hérault(34)
Lozère (48)
Pyrénées-Orientales (66)
Oerflakte 27 376 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

2 295 648 (1999)
84 ynw/km²
Folksliet {{{folksliet}}} {{{folksliet}}}
webstee {{{webstee}}}

Languedoc-Roussillon (Oksitaansk: Lengadòc-Rosselhon) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio yn it suden fan Frankryk.

De regio waard tusken 2004 en 2005 ek wol Septimaanje neamd, nei de eartiidse namme dy't it gebiet hie ûnder de hearskippij fan de Fisigoaten. As gefolch fan in protte krityk op de presidint fan de regio, Georges Frêche, waard lykwols yn oktober 2005 alwer ôfskied nommen fan dy namme.

Yn de regio wurde ferskate talen sprutsen û.o. it Frânsk, it Katalaansk en it Oksitaansk, de Langue d'Oc dêr't de krite Languedoc nei ferneamd is.

Languedoc-Roussillon bestie út de histoaryske Fânske provinsjes Languedoc en Roussillon. Dêrby hearre ek omkriten Rouergue en Albigeois, de Sevennen mei it Nasjionaal Park De Sevennen, de Causses, de Camargue, de Minervois en de Vallée du Rhône.

Sûnt 1 jannewaris 2016 foarmet Languedoc-Roussillon, yn 'e mande mei it oanbuorjende Midy-Pyreneeën, de nije bestjoerlike regio Oksitaanje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
             Frankryk
 
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
  ·   ·