Leechlân

(Trochferwiisd fan Leechflakte)

In leechlân is yn 'e ierdrykskunde in gebiet dat op, ûnder of in lyts eintsje boppe seenivo leit. Yn 'e plantegeografy falt leechlân gear mei de fegetaasjesône dy't de planêre sône neamd wurdt. Der binne ferskate sekuere omskriuwings om persiis te definiëarjen wat leechlân is, mar yn Nederlân hâldt men almeast in boppegrins fan 200 m boppe seenivo oan.

It leechlân fan East-Fryslân.

Leechlân is net itselde as in flakte. Yn it foarste plak kin der ek yn leechlân sprake wêze fan oansjenlike hichteferskillen en reliëf, salang't de topografy fan it gebiet mar nearne boppe de 200 m útkomt. Dêrnjonken hoecht in flakte net leech te lizzen; it kin ek gean om in heechflakte of in plato. Dat binne lânfoarmen dy't dan wol plat binne, mar tagelyk (folle) heger lizze as 200 m boppe seenivo. As in leechlân wol in flakte is, sprekt men fan in leechflakte.

It measte leechlân yn 'e wrâld befynt him oan 'e kusten fan seeën, oseänen en grutte marren. Sadwaande giet it fral om kustflakten en rivierflakten. Mar it is ek mooglik dat leechlân foarkomt yn 'e foarm fan in tige leechlein bekken dat omjûn wurdt troch berchtmen.

In bekend foarbyld fan leechlân binne de Lege Lannen (Nederlân en Belgje). Nederlân (letterlik: 'leechlein lân") tanket der sels syn namme oan. Oare foarbylden binne East-Anglia oan 'e eastkust fan Ingelân en de Kaspyske Leechflakte oan 'e noardkant fan 'e Kaspyske See.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.