Lenten is it optochte doarp dêr't Hylke en Sytse Klinkhammer wenje, de haadpersoanen út de boekerige De Kameleon. It doarp leit yn Fryslân oan in mar. Yn it doarp binne, njonken de normale ambachten, in molkfabryk en it kafee "It Paviljoen" fêstige. It molkfabryk wurdt letter in meubelfabryk. In part fan de omkriten wurdt foarme troch in polder, dy't bemeald wurdt troch de mole De Wâldaap. Tsjin it doarp oer oan de mar leit in oar doarp, Jonkersfean.

Yn de earste boeken fan De Kameleon hie it doarp noch gjin namme.

Sûnt Terherne de slach om Kameleondoarp te wurden wûn hat fan Grou soe it ek Lenten neamd wurde kinne.