Leonardus Temminck

Leonardus Temminck, ek Leonard, (De Haach, doopt 7 septimber 1753[1] - Amsterdam, 4 april 1813) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Temminck waard yn De Haach berne as soan fan Anthony Temminck en Gerarda Alida van der Linden. Temmick krige skilderles fan Benjamin Samuel Bolomey. Hy waard fral bekend as skilder fan (miniatuer)portretten. Yn De Haach spile er in bestjoerlike en liedingjaande rol yn de skilderswrâld. Hy wie foaroanman fan Confrerie Pictura en direkteur fan de Haagsche Teekenacademie. Ferskate fan syn miniatueren sitte yn de kolleksje fan it Ryksmuseum Amsterdam. It troch him skildere miniatuer fan prins Willem V heart ta de samling fan de Stichting Histoaryske Samlingen fan it Hûs Oranje-Nassau yn De Haach.

Temminck boaske op 3 augustus 1777 yn De Haach oan Dorothea Frederica Asmans. Hy rekke wei yn 1813 yn de âldens fan 59 jier yn Amsterdam. Soan Hendrik Christiaan en pakesizzer Henriëtta Christina waarden ek keunstskilder. Syn dochter Anthonia Justina Temminck waard toanielspylster en boaske oan de toanielskriuwer en akteur Bernard Anthoine Fallée.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. De krekte bertedatum is net bekend, it Ryksburo neamt 3 septimber 1753/7 septimber 1753. Syn doop wie 7 septimber 1753 yn de Haachske Kleastertsjerke (sjoch ynskriuwing foar de doop)