Li Bai (701 - 762) (jiaxiang ('doarp fan de foarâlden'): Longxi, Chengji 陇西成纪(tsjintwurdich Gansu, Qin'an, Dong (Gansu) 甘肃秦安东), eartiids meast Li Po, mar ek wol Li T'ai Po of Li T'ai Pe neamd, wie in Sineesk dichter. Li Bai, bynamme De Unstjerlike Dichter, wurdt faak mei Du Fu beskôge as ien fan de twa treflikste dichters út de literêre skiednis fan Sina. Der binne oant de dei fan hjoed sa'n 1100 fan syn gedichten bewarre bleaun. Earste oersettingen yn in westerske taal binne fan 1862, doe't de Frânske markys D'Hervey de Saint-Denys syn Poésies de l'Epoque des Thang publiaerre[1].

Li Bai Resitearret in Gedicht (troch Liang Kai, 13e iuw)

Li Bai libbe en wurke yn de tiid fan de Tang-dynasty, foar de Sineeske keunsten wie dizze tiid fan in soad striid dochs in echte bloeitiid. Yn Sina libbet Li Bai yn in protte foarmen en op in soad plakken noch altyd. Op plakken dêr't Li Bai ek west hat of wenne hat, sil in Sineeske toeristegids noait neilitte dêrop te wizen. Syn teksten siere tal fan âlde en nije monuminten. Dit alles ûndanks it feit dat Li Bai yn syn wurk faak de gek hie mei de hearskjende machthawwers yn it algemien en ek de byhearrende strange koades. Hysels wurdt ek altiten omskreaun as alternative en eigensinnige figuer. Ek yn de kulturele revolúsje fan Mao is it wurk fan Li Bai's en de persoan sels dierber bleaun.

Oan de Sineeske bern wurde syn gedichten noch altiten ûnderwiisd en binne oant hjoed de dei noch altiten skoallen nei de Unstjerlike ferneamd. In protte Sineeske studinten sette har faak yn om it wurk fan Li Bai's yn de taal fan harren gastlân oersette te litten. By de muzikale begelieding fan de oername fan Hongkong yn 1997 waard de tekst fan Li Bai's gedicht oer frijheid brûkt.

Yn de westerske kultuer is Li Bai minder bekend, dochs spilet hy hjiryn wol in rol. Sa setten Ezra Pound en Hans Bethge ferskate teksten en gedichten oer fan Li Bai. Op de oersette teksten fan Hans Bethge komponearre Gustav Mahler it bekende wurk "Das Lied von der Erde". De Nederlânske dichter Slauerhoff bewurke ek ferskate gedichten. Yn de Portegeeske oersetting wurde dizzen faak noch songen. David Hartsema skreau 'de ballade van Li-Po, troch Lenny Kuhr op muzyk setten en songen op har earste LP de Troubadour(1969)

Oer it ferrin fan syn libben en komôf is altiten in soad spekulearre. Hy groeide op yn Sichuan, mar oer syn komôf wurdt troch guons suggerearre dat hy fan Turksk komôf wie en dus net in berne Sinees wie. Fierders wol it ferhaal dat hy wegere om steatseksamens te dwaan. De steatseksamens wienen in wichtige sosjale en kulturele skeakel, dêrsûnder wie der feitliken gjin takomst yn de sosjale en kulturele ljerre fan Sina. Hy soe lykwols om syn talint oan de keizer presintearre wêze en dêrby yn tsjinst komme. Syn libben wie dêrom net altiten like stabyl. Foar yn tsjinst/anneks wêzende persoanen as Li Bai koene geunst en ûngenede hurd ôfwikselje, wêrtroch men ek wol rykdom nei earmoede oergean koe, krekt yn de perioade wêryn Li Bai libbe barde soks tige.

Neffens in soad lêzers is dit yn syn poëzij ek werom te finen. Faak binne dizze ek mankelyk en soms filosofysk, meastal is it ek bryk en snedich. Der besteane ek ferhalen dat hy allinnich goede fersen skreau as hy in sneedsje yn it ear hie. Fierder stiet Li Bai bekend as in libbensgenieter en in natoerleafhawwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • In diel fan de tekst of âldere tekst basearre op de tekst fan de webstek: www.van-osch.com

  1. D'Hervey de Saint-Denys, Poésies de l'Époque des Thang, Amyot, Parys (1862). Sjoch: Minford, John en Lau, Joseph S. M., Classic Chinese Literature, Columbia University Press (2000), ISBN 978-0-231-09676-8.