Liere (muzykynstrumint)

In liere of lier is in muzykynstrumint dat benammen bekend is út 'e Midsiuwen en de Klassike Aldheid. It is in snaarynstrumint (om persiis te wêzen in poenynstrumint) en as sadanich in foarrinner fan 'e gruttere harpe.

In muze bespilet in liere.

De liere yn 'e Aldheid

bewurkje seksje

Yn 'e Grykske Aldheid waard de liere fral brûkt troch dichters en sjongers om harsels te begelieden. It ynstrumint bestie út in houtene klankkast, dêr't twa earms út stieken, dy't oan 'e úteinen mei-inoar ferbûn waarden troch in dwersbalke. Oan dy dwersbalke sieten fjouwer oant sân stimskroeven, om snaren fêst te meitsjen dy't oan 'e oare kant oer de klankkast hinne rûnen. De snaren koene sawol mei de fingers as mei in plektrum poend wurde. Ek de Midsiuwske iensnarige lút, dy't in parfoarmige klankkast en in lange hals hie, wurdt wol in liere neamd.

De moderne liere

bewurkje seksje

De liere rekke meitiid stadichoan út 'e graasje en yn it ferjit, en tsjinne inkeld noch as symboal, om eat bysûnders mei út te drukken. Yn 1926 waard dit ynstrumint lykwols op 'e nij boud troch ynstrumintmakkers Edmund Pracht en Lothar Gärtner, no as in gromatysk stimd snaarynstrumint. Dy feroaring makke it mooglik en spylje moderne muzyk op 'e liere. De moderne liere wurdt bespile yn fjouwer toansoarten: sopraan, alt, tenoar en bas. De snaren jouwe in tige heldere klank ôf, en foarmje sa in ynspiraasjeboarne foar muzikanten, komponisten en ynstrumintbouwers. Tsjintwurdich wurdt de liere wer oer de hiele wrâld bespile.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.