Lieuwe fan Aitzema

(Trochferwiisd fan Lieuwe van Aitzema)

Lieuwe van Aitzema (Dokkum, 19 novimber 1600 - Den Haach, 23 febrewaris 1669) wie in Nederlânsk diplomaat, skiedskriuwer, libbensgenieter en libertyn. Trochdat Van Aitzema in grut tal offisjele dokuminten opnaam yn syn wurken en dêr kommentaar op joech, binne dy noch altyd fan grut belang foar hjoeddeiske histoarisy. Syn styl is troch puntichheid en sarkasme yntrigearjend en meislepend.

Lieuwe van Aitzema

Lieuwe van Aitzema wie de soan fan (mar ek de broer fan) in boargemaster fan Dokkum. Syn heit waard berne yn Reiderlân. Syn pake ûntflechte yn 1568 dy krite, fanwege de slach by Jemmingen. Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer, Parys en Orléans en stie bekend as in "flirter". Yn 1622 waard er abbekaat by it Hof fan Fryslân, yn 1624 by it Hof fan Hollân. Yn 1625 waard er beneamd as residint fan de Hânzestêden Hamburch en Bremen yn Den Haach, tanksij syn omke Foppe van Aitzema. Yn 1627 waard er troch de Steaten-Generaal as agint fan de stêd Magdeburg erkend en yn 1644 as residint fan Lubeck.

Van Aitzema makke yn 1635 en yn 1652 in reis nei Ingelân op lêst fan de Hânzestêden en behertige de belangen fan de Republyk. Hy kaam yn kontakt mei ferskate pommeranten, lykas Oliver Cromwell en besocht oft de op hannen wêzende hannelsoarloch noch keard wurde koe. Van Aitzema hammere derop dat Hollân like graach in oerienkomst mei Ingelân winske as dat in fisk nei wetter longere. Op de weromreis waard de pakketboat, eigendom fan de greve fan Taxis kaapt en Van Aitzema ferlear syn koffer mei weardefolle besittings. Hy protestearre om 'e nocht by de Steaten fan Seelân, dy't de kaperbrief jûn hienen.

Van Aitzema sette yn Den Haach in soarte politike berjochtetsjinst op mei abonnees yn Dútslân, Sweden, Denemark, Feneetsje, Ingelân en Frankryk. De 19e-iuwske histoarikus Robert Fruin makke him út foar spion, want hy joech yn de Earste en de Twadde Ingelske Oarloch oan de Ingelske masterspion John Thurloe heechst geheime ynljochtings oer de situaasje yn en de plannen fan de Republyk.

Neist syn haadwurk, de Saken van Staet en Oorlogh, in fûneminteel pleidoai foar ienheid en ferdraachsumens en in wichtige skiedboarne foar it tiidrek 1621 - 1668, hat Aitzema noch twa boeken skreaun, ien oer de Frede fan Münster en ien oer de turbulinte foarfallen yn de jierren 1650 en 1651, Herstelde Leeuw. Aitzema jout tige sekuere beskriuwings fan de oankomst fan ferskate gesanten, harren yntochten yn Den Haach, fan harren earste publike audiïnsjes, harren earste besites. Syn beoardieling fan steatslju is fakentiden sinysk en sarkastysk: minsken litte har faak liede troch kâld eigenbelang.

En Herstelde Liuw én Saken van Staet en Oorlogh waarden troffen troch in publikaasjeferbod. Yn 1652 achte it Hof fan Hollân it boek oer it konflikt fan steedhâlder Willem II mei it gewest Hollân yn de twa foarôfgeande jierren in mooglike boarne fan politike ûnrêst, wylst de Steaten fan Fryslân de opdracht fan de Saken van Staet en Oorlogh te folle in ferhearliking fan de Steaten fan Hollân fûnen.

De Nederlânske Opstân waard troch him net as in godstsjinstoarloch of as in nasjonale frijheidsstriid beskôge, mar as in perioade fan boargeroarloch en partijstriid, wêryn't it iene bewâld it oare ôfwiksele. Foar Van Aitzema wie Hindrik IV fan Frankryk, dy't fan godstsjinst feroare om kening fan Frankryk wurde te kinnen, in ljochtsjend foarbyld. Karel I fan Ingelân hie dy kening as foarbyld nimme moatten. Yn it kristlike Rome waarden neffens him alle republikeinske deugden yn praktyk brocht. Yn it pauslik bestjoer waard men allinnich op grûn fan bekwaamheden en fertsjinsten yn de amten en weardichheden beneamd. Alle erfrjocht wie dêr troch it systeem fan it selibaat ferneatige, wylst gjin inkelde famylje fan it heechste amt útsluten wie.

Van Aitzema wie in "Realpolitiker": men moat de wrâld nimme sa't dy is en net sa't dy wêze moat. Hy seach himsels as in ûnôfhinklik auteur, dy't net út namme fan in inkelde partij skreau, mar gewoanwei de pinne oppakte omdat er dat net litte koe. In auteur mei in lette ropping, dy't doe't er ienkear de smaak fan it skriuwen te pakken hie, gewoan net mear ophâlde koe en letterlik oant syn dea trochskreau.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Verhael, van de Nederlantsche vreede-handeling (1650), twa dielen.
  • Historie of verhael van saken van staet en oorlogh, in ende omtrent de Vereenigde Nederlanden (1655 - 1671)
  • Herstelde Leeuw, of Discours, over 't gepasseerde inde Vereenichde Nederlanden, in 't jaer 1650 ende 1651
  • De strydende leeuw. Of Nederlandtsche oorlogen, staatszaken en vredehandelingen, voorgevallen in de jaren 1621, 1622, 1623, 1624, 1625 : in zich vervattende, een volkomen inhout en mergh des eersten deels der Historien, van saken van staat en oorlogh
  • Poemata Juvenilia (1617)
  • Israel, J. (1995): The Dutch Republic. Its Rise, Greatness, and Fall, 1477-1806, side 684, 731-2
  • Plaat, G. van der (2003): Eendracht als opdracht. Lieuwe van Aitzema’s bijdrage aan het publieke debat in de zeventiende-eeuwse Republiek, siden 24, 54, 55, 82, 97, 113, 216, 244
  • Wansink, H & Wels, C.B. (1968): Zeven pijlen - Negen pennen. Negen Nederlandse historici over de vaderlandse geschiedenis, side 119-131

Keppeling om utens

bewurkje seksje