Grutte Klaas en Lytse Klaas

(Trochferwiisd fan Lille Claus og Store Claus)

Grutte Klaas en Lytse Klaas, yn it oarspronklike Deensk: Lille Claus og Store Claus, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Første Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Earste Boek"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Tonderdoaze, De Prinsesse op 'e Earte en De Blommen fan Lytse Ida). Grutte Klaas en Lytse Klaas is in ferhaal dat suver absurdistysk is yn syn grappigens en nuvere opstigings. It is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Grutte Klaas en Lytse Klaas
algemiene gegevens
oarspr. titel Lille Claus og Store Claus
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1835, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Første Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Grutte Klaas en Lytse Klaas
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Grutte Klaas en Lytse Klaas is it ferhaal fan twa mannen dy't beide fan Klaas hjitte. Om't de iene ryk is, wurdt er fan Grutte Klaas neamd, wylst de oare, dy't earm is, fan Lytse Klaas hjit. Grutte Klaas hat fjouwer hynders en Lytse Klaas mar ien. Op in dei makket Lytse Klaas de opljeppende Grutte Klaas sûnder erch sa alderferskuorrendste poerstrontmâl, dat er de heksebile kriget en Lytse Klaas syn iene hynder deaslacht. Lytse Klaas set dêrop mei de hynstehûd nei de merk ta, mar rekket by swier waar yn 'e bosk paadbjuster en as de wei wer fynt, is it al jûnich, dat hy wol op in boerespultsje oernachtsje. De boerinne stegeret him by de doar ôf, mar troch de net goed slutende blinen sjocht Lytse Klaas dat se de koster wol ynlitten hat en dyselde in gastmiel foarset. Dan komt de boer thús, dy't kosters foar syn eagen net sjen mei, dat de koster ferskûlet him yn in grutte kleankiste, wylst de boerinne al it lekker iten gau yn 'e kachelsûne ferberget. De boer nûget Lytse Klaas der wol yn, mar hja krije fan 'e boerinne inkeld groattenbrij foarset.

Dan kriget Lytse Klaas in idee: hy trapet op 'e sek mei de hynstehûd, dy't dêrtroch in kreakjend lûd fuortbringt. Hy makket de boer wiis dat er in tsjoender yn 'e sek hat en dat dy krekt sein hat dat er de kachelsûne foltsjoend hat mei lekker iten. En wrachtich, de kachelsûne stiet fol mei lekker iten. Itselde foefke hellet er út om oan wyn te kommen. Dan wol de boer witte oft de tsjoender Hantsje Pik (de duvel) ek hjirhinne tsjoene kin, wêrop't Lytse Klaas antwurdet dat dat wol kin, mar dat dy der alderysbaarlikst útsjocht, in koster allyk. De boer wol him dochs sjen, dat Lytse Klaas seit, de tsjoender hat Hantsje Pik yn 'e kleankiste tsjoend. De boer docht it lid op en Hantsje Pik blykt wierlik op in koster te lykjen. De boer wol dan dy tsjoender wol fan Lytse Klaas keapje, dat dy baart in heallippenfol jild foar de âld hynstehûd. De boer betinget noch wol dat er ek de kleankiste meinimme moat, want dy hoecht er no sels net mear. Dat Lytse Klaas kroadet de kiste mei de koster deryn nei in brêge oer de rivier ta en beart dan dat er de kiste yn it wetter smite sil. Dan seit de koster him ta om ek in heallippenfol jild te beteljen om him út 'e kiste te litten.

 
Hans Christian Andersen.

Lytse Klaas kin it no goed dwaan, en as de ynklauwerige Grutte Klaas dat foar it ferstân kriget, wol er witte wêr't Lytse Klaas al dat jild wei hat. Lytse Klaas fertelt him dat er dat foar de hynstehûd baard hat, dat Greate Klaas pakt de heksebile en slacht fuort al syn fjouwer eigen hynders dea en set mei de hûden nei de merk ta. Dêr laitsje de lju him lykwols út as er der in heallippenfol jild foar freget, en se jeie him ta de stêd út. Poerlulk hellet Grutte Klaas de hynstebile wer foar 't ljocht om him op Lytse Klaas te wreitsjen. By Lytse Klaas thús is dan krekt syn âld beppe stoarn, en hy hat it minske op syn eigen bêd ôflein. Grutte Klaas kringt it hûs yn en slacht by fersin Lytse Klaas syn deade âld beppe mei de heksebile de plasse yn. Lytse Klaas nimt dêrop syn âld beppe mei nei in herberge, dêr't er in glês bier foar har besteld, en oft de weard it eefkes bûten op 'e wein by har bringe wol? Hy warskôget de man al dat se frijwat staf is, dat hy moat lûd prate. As beppe mar net op 'e weard syn roppen en razen reägearret, ferliest de man op 't lêst syn geduld en smyt har it glês bier yn it gesicht. Dêrop komt Lytse Klaas oandraven en beart dat de weard syn âld beppe de dea dien hat. De weard biedt him dan in heallippenfol jild oan om it stil te hâlden.

As Grutte Klaas merkt dat Lytse Klaas noch libbet, is er hiel ferheard, mar as er sjocht dat er noch riker is as earst, wol er witte hoe't dat komt. Lytse Klaas fertelt him dat er dat jild foar syn deade âld beppe baard hat. Dat Grutte Klaas pakt de heksebile wer en slacht fuort syn eigen âld beppe dea. Mar as er nei stêd giet en har dêr besiket te ferkeapjen, tinke de lju dat se mei in healwizeling fan dwaan hawwe en jeie him ta de stêd út. Poerlulk hellet Grutte Klaas dan in baalsek foar 't ljocht, stoppet Lytse Klaas dêryn en bynt de sek stevich ticht. Hy is fan doel om him te fersûpen yn 'e rivier, mar ûnderweis komt er by tsjerke lâns en heart dêr sok moai gesang nei bûten kommen, dat hy tinkt, earst eefkes te psalmsjongen en dan fersûp him ik dêrnei wol. Dat hy set de sek mei Lytse Klaas deryn by de tsjerkedoarren del en giet sels yn.

Dan komt der in âld feedriuwer foarby, krekt op it stuit dat Lytse Klaas klaget: "Och hea noch ta. Ik bin noch sa jong en no moat ik it himelryk al yn." En de feedriuwer seit: "En ik, âld stumper, ik bin al sa âld en ik kin der mar net komme." Dat se binne it gau iens: de feedriuwer lit Lytse Klaas út 'e sek en giet der sels yn sitten, op betingst dat Lytse Klaas tenei om al syn kij tinke sil. Dat wol Lytse Klaas wol dwaan, dat dy set ôf mei it fee. Grutte Klaas komt út tsjerke en smyt de sek yn 'e rivier, mar is dan ûnoangenaam ferrast as er ûnderweis nei hûs Lytse Klaas mei dy syn kij tsjinkomt. Grutte Klaas wol witte hoe en wat, en Lytse Klaas fertelt dat dit gjin gewoane kij binne, mar seekij, dy't him skonken binne troch it wetterfolk dat op 'e boaiem fan 'e rivier libbet. Grutte Klaas wol ek wol in keppel seekij hawwe, dat hy hellet gau noch in baalsek op en stiet der by Lytse Klaas op oan dat dy him yn 'e sek bine en yn 'e rivier smite sil. Lytse Klaas wol him yn dizzen wol te wille wêze, en it mearke einiget as de sek mei Grutte Klaas deryn mei in bats yn it wetter falt en Lytse Klaas mei syn keppel kij op hûs oan giet.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.