Lilli Xene, echte namme: Eve Davis (Santa Monica (Kalifornje), 27 augustus 1968), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol misstavere waard as Lili Xene, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Lilli X-Ene, Lilli Exene en Raven Black. Mei in lingte fan 1.57 m stie se fral bekend om har grutte boarsten (kupmaat 36FF), dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Lilli Xene
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lili Xene, Lilli X-Ene, Lilli Exene,
Raven Black
echte namme Eve Davis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 augustus 1968
berteplak Santa Monica (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf 19921997
offisjele webside
www.lilixenexxx.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lilli Xene waard yn 1968 berne yn Santa Monica, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Se wie troud en wurke as diplomearre ferpleechster foar't se nei it hommels ferstjerren fan har man, om 1990 hinne, úteinsette mei in karriêre as stripper. Op it mêd fan film fêstige se yn 't earstoan in namme as aktrise yn bondaazjefilms.

Har earste pornografyske film makke Xene op har 24ste, yn 1992. Neitiid spile se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 143 pornofilms, al hie se yn 32 dêrfan in net-pornografyske rol, en die se yn 6 inkeld oan masturbaasje en yn nochris 32 allinne mar oan lesbyske seks. Xene wurke in protte foar minder bekende studio's dy't harren talizze op it meitsjen fan pornografy fan it grutte-boarstesjenre, lykas Topper Video, Big Top Video, Prestige Video en Napali Video, al spile se ek wol yn films fan bekendere labels, lykas Adam & Eve, Anabolic Video, Sin City, Vivid Entertainment en Elegant Angel.

Njonken har aktearwurk wie Xene ek gauris aktyf as neakenmodel, wêrby't se yn in grut ferskaat oan neakenblêden en pornoblêden stie, lykas Score en Hustler's Busty Beauties. Yn 1997 loek se har út 'e pornoyndustry werom, al ferskynden der yn 1998 en 1999 noch yn in pear films fan har mei earder opnommen materiaal. Koart nei de iuwwiksel joech se ek har karriêre as stripper deroan. It lêste wat der fan har bekend is, út maaie 2003, is dat se doe de kost fertsjinne mei it ferhieren fan apparteminten.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: