Limmerik (stêd)
stêd yn Ierlân
Limmerik (Iersk: Luimneach: Ingelsk: Limerick) is in stêd mei goed 95.000 ynwenners yn it súdwesten fan Ierlân. Limmerik is de haadstêd fan it greefskip Limmerik yn de provinsje Munster. De stêd is it histoaryske sintrum fan de regio en hat beskate regionale funksjes. De stêd leit oan it estuarium fan de Shannon dat útmûnet yn de Atlantyske Oseaan. Limmerik is de sit fan it roomsk-katolike bisdom Limmerik en in bisdom fan de Tsjerke fan Ierlân.
Limmerik (stêd) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ierlân |
Provinsje | Munster |
Greefskip | Limmerik |
Sifers | |
Ynwennertal | 95.854 (2011) |
Oerflak | 20,79 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 23,7 / km² |
Stêdekloft | 162.413 (2011) |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Stifting | 812 (as Wytsingedelsetting) |
Tiidsône | UTC)+0 |
Simmertiid | UTC+1 |
Webside | [www.limerickcity.ie Webstee fan de stêd] |
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeDe Lofthaven Shannon leit 15 kilometer bewesten Limmerik yn County Clare.
Sport
bewurkje seksje- Limerick FC, fuotbalclub
Berne yn Limmerik
bewurkje seksje- Peter Woulfe (1727), Ingelsk mineralooch en gemikus (alchemist) dy't it bestean fan wolfraam foarsei
- Saint George Hare (1857-1933), keunstskilder
- Richard Harris (1930-2002), filmakteur en sjonger (MacArthur Park)
- Terry Wogan (1938-2016), Iersk-Britsk radio- en telefyzjepresintator
- Michael Higgens (1941), Iersk politikus, presidint, dichter en skriuwer
- Aphex Twin (Richard David James, 1971), myzykprodusint, komponist en DJ.
Trivia
bewurkje seksje- Limmerik hat de skriuwer Frank McCourt yn syn jonkheid wenne; dat beskriuwt er yn syn autobiografyske roman Angela’s Ashes
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Limerick fan Wikimedia Commons. |