Terry Wogan
Sir Terry Wogan (folút: Michael Terence Wogan; Limerick (Ierlân), 3 augustus 1938 – Taplow (Ingelân), 31 jannewaris 2016) wie in Iersk radio- en tillefyzjepresintator, dy't it grutste part fan syn karriêre yn Ingelân foar de BBC wurke. Hy waard ek bûten de Britske Eilannen bekend mei syn praatprogramma Wogan en mei syn ferslaggen fan it Eurofyzjesongfestival, dat er yn 1998 ek sels presintearre doe't it yn Birmingham holden waard. Yn 2009 wiene der 8 miljoen minsken dy't geregeldwei ôfstimden op syn radioprogramma Wake Up to Wogan; dêrmei wied er de bêst belústere radiopresintator fan Jeropa. Yn 2005 liet er him ta Brit naturalisearje sûnder syn Ierske nasjonaliteit op te jaan. Hy stoar begjin 2016 oan kanker.
Terry Wogan | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Wogan op it Cheltenham Literature Festival (2015). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michael Terence Wogan | |
nasjonaliteit | Iersk Britsk | |
berne | 3 augustus 1938 | |
berteplak | Limerick (Ierlân) | |
stoarn | 31 jannewaris 2016 | |
stjerplak | Taplow (Ingelân) | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintator | |
medium | radio, tillefyzje | |
wurksum by | RTÉ, BBC | |
bekend fan | Wogan Eurofyzjesongfestival | |
jierren aktyf | 1956 – 2015 | |
offisjele webside | ||
terrywogan.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeWogan waard yn 1938 yn it Ierske Limerick berne as de soan fan in winkelman, en genoat fanôf syn achtste syn ûnderwiis oan it Crescent Kolleezje, in jezuïtyske skoalle. Ut syn jonkheid hold er in djippe leafde foar Limerick en in grouwéligen hekel oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke oer. Doe't Wogan fyftjin jier wie, ferhuze er mei syn âlden nei de Ierske haadstêd Dublin, dêr't syn heit in bettere baan krije koe. Dêr learde er fierder oan in oar jezuïtysk ûnderwiisynstitút, it Belvedere Kolleezje. Nei't er yn 1956 fan skoalle gien wie, fûn er koart wurk yn it bankwêzen, foar't er as nijslêzer en omropper oannommen waard by de Raidió Teilifís Éireann (RTÉ), de nasjonale omrop fan Ierlân.
Karriêre
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeYn syn earste pear jier by de RTÉ hold Wogan fraachpetearen en presintearre er dokumintêres, foar't er oerstapte nei de fermaakôfdieling en oan it wurk gie as radio-DJ. Fierders wied er fan dy tiid ôf ek yn 't spier as kwismaster, û.m. fan it programma Jackpot. Doe't dat yn 1967 stopset waard en Wogan der by de RTÉ gjin oar wurk foar yn 't plak krige, besleat er om in baan by de BBC yn Londen oan te nimmen. Dêr begûn er yn 1966 by de radio mei The Light Programme. Dêrnjonken presintearre er de tiisdeisedysje fan Late Night Extra. Yn dy tiid reizge er eltse wike op en del fan Dublin nei Londen, mar doe't de BBC him yn 1969 in foltiidsbaan oanbea, emigrearre er foargoed nei Ingelân.
Radiowurk
bewurkje seksjeFan 1972 oant 1984 wie Wogan wurksum foar BBC Radio 2, wylst er dêrnjonken ek geregeldwei op oare BBC-radiostjoerders te hearren en op 'e BBC-tillefyzje te sjen wie. Troch dy skynbere rûnombywêzigens waard er gauris op 'e hak nommen troch komiken, mar Wogan wie bejeftige mei in goed ûntwikkele gefoel foar selsspot, en parodiëarre himsels û.m. troch yn 'e santiger jierren twa singles út te bringen, in fokale ferzje fan The Floral Dance (in ynstrumintele hit fan 'e Brighouse and Rastrick Brass Band) en in nûmer mei as titel Me and the Elephant. Syn earste praatprogramma hiet Wogan's World, en waard fan 1974 oant 1975 útstjoerd op BBC Radio 4.
Yn 1993 kearde Wogan werom op Radio 2 mei it moarnsprogramma Wake Up to Wogan, dat er oant 2009 presintearje soe. Yn it lêste seizoen stimden 8 miljoen minsken dêr geregeldwei op ôf, wat him ta de bêst belústere radiopresintator fan Jeropa makke. De trochbraak fan sjongster Katie Melua wurdt gauris oan Wogan taskreaun, om't dy yn 2003 yn Wake Up to Wogan ferskate kearen har debútsingle The Closest Thing to Crazy draaide. Wogan sels makke der lykwols nea in geheim fan dat it syn produsint Paul Walters wie dy't Melua ûntdutsen hie. Dyselde wiisde him ek op 'e muzyk fan 'e doe koartby ferstoarne, ûnbekende Amerikaanske sjongster Eva Cassidy, dy't troch Wogan syn programma postúm in sensaasje waard yn Grut-Brittanje. Yn april 2006 waard bekend dat Wogan mei in salaris fan £800.000 yn 't jier de bêst betelle BBC-radiopresintator wie.
Tillefyzjewurk
bewurkje seksjeWogan presintearre foar de BBC ek ferskate praatprogramma's op 'e tillefyzje, al wie syn earste talkshow op 'e Britske tillefyzje Lunchtime with Wogan, dat er yn 1972 foar de stjoerder ITV makke. Op 'e BBC rûn What's on Wogan? yn 1980 ien seizoen, en twa jier letter sette er útein as presintator fan in nij praatprogramma, dat ienfâldichwei Wogan kaam te hjitten. Dat waard fan 1982 oant 1984 útstjoerd op 'e sneontejûnen, en fan 1985 oant 1992 trije kear yn 'e wike op wurkdeijûnen. Mei dat programma hie Wogan in protte súkses en waard er nei ferrin fan tiid ek bûten Grut-Brittanje bekend. Ferskate foarfallen út Wogan binne yn it Britske kollektive ûnthâld gravearre, lykas it fraachpetear mei de dronken fuotballer George Best, dat mei in swijende akteur Chevy Chase en dat mei in deasenuweftige Anne Bancroft, dy't inkeld ienwurdliddige antwurden joech. Yn 1992 waard Wogan stopset om't de BBC it tiidsfak fan it programma foar oare dingen brûke woe. Wogan presintearre dêrnei noch in seizoen it praatprogramma Wogan's Friday Night, mar dat waard nei 1993 net ferlinge. Yn 2006 makke Wogan it programma Wogan Now and Then, wêryn't er mei eardere gasten weromblikte op fraachpetearen út it ferline.
Behalven fan praatprogramma's wie Wogan op 'e BBC-tillefyzje fan 1980 ôf ek mear as tritich jier lang (oant en mei 2014) de presintator fan it jierlikse goeddiedichheidsprogramma Children in Need. Fierders fersoarge er foar de BBC ek mear as tritich jier lang it kommentaar by it Eurofyzjesongfestival. Yn 1971 en fan 1974 oant 1977 died er dat op 'e radio, en yn 1973, 1978 en fan 1980 oant 2008 op 'e tillefyzje. Doe't it Songfestival yn 1998 yn Birmingham holden waard (mei as winneresse de Israelyske transseksuële sjongster Dana International), waard it evenemint troch Wogan en Ulrika Jonsson presintearre. Wogan hie in skerpe tonge, en foar syn Eurofyzjekommentaar makke er geregeldwei grapkes yn it neidiel fan oaren. Soks late gauris ta kontroverses, lykas yn 2001, doe't er it Deenske presintaasjepear Søren Pilmark en Natasja Crone Back betitele as 'Dr. Death en de toskefee'. Yn syn lange wurkpaad presintearre Wogan ynsidinteel noch withoefolle oare programma's.
Skriuwwurk
bewurkje seksjeWogan wie ek aktyf as skriuwer; sa hied er kollumns yn ferskate tydskriften. Teffens skreau er in roman, mei as titel Those Were the Days. Hy brocht ferskate non-fiksjewurken út, wêrûnder twa lange reisferhalen oer syn heitelân Ierlân en twa autobiografyske boeken.
Priveelibben
bewurkje seksjeWogan troude op 25 april 1965 mei Helen Joyce, mei wa't er fjouwer bern krige. Ien dochter, Vanessa, stoar yn 'e widze, inkele wiken nei de berte. Wogan hie fiif pakesizzers en wenne yn it doarp Taplow, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Hy hie ek in fakânsjehúske yn Gaskonje (súdwestlik Frankryk). Hy omskreau himsels as in ateïst, mar sei minsken te respektearjen dy't "de jefte fan it leauwe" hawwe. Yn 1997 waard Wogan beneamd ta honorêr ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE), in ûnderskieding dy't yn 2005 ferheft waard ta honorêr ridder-kommandeur (KBE). Nei't er him datselde jiers mei behâld fan syn Ierske nasjonaliteit naturalisearje litten hie ta Britsk steatsboarger, waard de ûnderskieding omset fan honorêr yn substantyf, en mocht er it predikaat sir foar syn namme sette. Yn 2007 waarden Wogan fierders de kaaien fan syn bertestêd Limerick oerlange, nei't er yn 2004 al in earedoktoraat yn 'e letteren ûntfongen hie fan 'e Universiteit fan Limerick.
Ferstjerren
bewurkje seksjeNei de kryst fan 2015 rekke Wogan slim yn 'e minnichte. It die bliken dat er oanhelle wie mei kanker. Hy ferstoar op 31 jannewaris 2016 thús yn Taplow, yn 'e âlderdom fan 77 jier. De Britske minister-presidint David Cameron en de Ierske taoiseach (premier) Enda Kenny wiene ûnder de mannigen dy't har drôvens om syn ferstjerren útsprieken.
Wurk
bewurkje seksje- fiksje
- 2015 – Those Were the Days (roman)
- autobiografysk
- 2000 – Is It Me?
- 2006 – Mustn't Grumbe
- reisferhalen
- 1991 – Irish Days
- 2012 – Wogan's Ireland: A Tour around the Country that Made the Man
- algemiene non-fiksje
- 1971 – Fight the Flab: Keep Fit with Terry Wogan
- 1979 – Banjaxed
- 1981 – The Day Job
- 1987 – Wogan on Wogan
- 2007 – Wogan's Twelve
- 2011 – Terry Wogan's Bumper Book of TOGs
- 2013 – Something for the Weekend: The Collected Columns of Sir Terry Wogan
- 2014 – The Little Book of Common Sense: Or Pause for Thought with Wogan
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Terry Wogan
- (in) Folsleine filmografy fan Terry Wogan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|