Limnology
Limnology (fan it Grykske limnè, mar; logos, stúdzje) is de wittenskip dy't him rjochtet op it bestudearjen fan binnenwetters. It is in dielmêd fan sawol de ierdwittenskippen as de ekology. De limnology makket stúdzje fan de biologyske, skiekundige, fysyskee, geologyske en ekologyske komponinten en karakteristiken fan binnenwetters (natuerlike en oanleine). De lânskipslimnology, in tige besibbe fakgebiet, bestudearet hoe't wetterrinnen en ekosystemen om dy wetters hinne behâlden wurde kinne en in funksje yn it behâld fan it lânskip hawwe kinne.
Yn de limnology wurdt der ûnderskied makke tusken:
Koarte skiednis
bewurkje seksjeDe term limnology waard betocht troch François-Alphonse Forel (1841–1912), de heit fan it mêd troch syn stúdzje fan it Mar fan Genêve. Niget oan dizze nije wittenskip boaske rillgau oan, en yn 1922 stiften August Thienemann (in Dútsk zoölogist) en Einar Naumann (in Sweedsk botanikus) de International Society of Limnology (SIL, nei de oarspronklike namme Societas Internationalis Limnologiae). Forel syn definysje fan limnology wie yn it earstoan, "de oseanografy fan marren", mar omfiemed no de stúdzje fan alle binnenwetter.
Foaroansteande iere Amerikaanske limnologisten wienen G. Evelyn Hutchinson, Ed Deevey, E. A. Birge, en C. Juday.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|