Linköping (sis Liensjeuping) is de haadstêd fan de gemeente Linköping yn it lânskip Östergötland en de provinsje Östergötlands län, dêr't it ek de haadstêd fan is, yn Sweden. De stêd hie 97.428 ynwenners yn 2005. It is de op 6 nei grutste stêd fan Sweden. De stêd leit besuden de mûning fan de rivier Stångån yn de mar Roxen.

Linköping
Plein yn sintrum fan Linköping
Plein yn sintrum fan Linköping
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Östergötlands län
Sifers
Ynwennertal 115.682↑ (2020)
Oerflak 42,01 km²
Befolkingsticht. 3.100 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
www.linkoping.se

De stêd is wierskynlik neamd nei it Lionga ting, in gearkomst dy't neffens midsiuwske Skandinavyske wetten it meast wichtige ding yn Östergötland wie. It krekte plak fan it ding is net bekend, mar it moat earne oan de Eriksgata west hawwe. Köping tsjut op de merk dy't dêr wie.

Linköping is de episkopale sit fan it Diosee Linköping (Tsjerke fan Sweden) en is ferneamd om syn katedraal. Linköping is it sintrum fan in regio mei in âlde kultuer en fierde syn 700-jierrich bestean yn 1987.

Linköping is it fêstigingsplak fan in protte grutte bedriuwen, ûnder oare Saab en oare high-techyndustry, dat der sûnt 1937 fleanmasines makket. Teffens hat de stêd in universiteit mei mear as 26.500 studinten, de Universiteit fan Linköping. It motto fan de stêd is Där idéer blir verklighet ('Dêr't ideeën werklikheid wurde'), dat slacht op de gearwurking fan it bedriuwslibben en de universiteit (sa as bygelyks yn it Mjärdevi Science Park).

Keppeling om utens

bewurkje seksje