Lipporn
Lipporn is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Lahn-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Nastätten, wêrfan't Nastätten it haadplak is.
Lipporn | ||
Protestantske tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
ferbânsgemeente | Nastätten | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 273 (2022)[1] | |
Oerflak | 4,79 km² | |
Hichte | 415 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56357 | |
Koördinaten | 50° 8' N 7° 51' E | |
Offisjele webside | ||
www.lipporn.de | ||
Kaart | ||
It plak leit yn 'e Taunus oan 'e grins mei de dielsteat Hessen.
Skiednis
bewurkje seksjeOm 1117 hinne droech de mooglike stamheit fan it Hûs Nassau, greve Dudo fan Laurenburg, gebiet yn Lipporn oer oan 'e Benediktynske Sint-Salvatorabdij yn Schaffhausen om op it plak in konvint te stiftsjen. Dat konvint waard letter mei it kleaster fan Strüth gearfoege ta in dûbelkleaster.
Tusken 1541 en 1544 folge de ynfiering fan 'e reformaasje yn Strüth, Welterod en Lipporn, mar it kleaster bleau katolyk.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard Lipporn ferskillende kearen plondere.
Yn 1806 waard it doarp oan it Hartochdom Nassau oerdroegen, dat yn 1866 troch it Keninkryk Prusen anneksearre waard.
Nei de Twadde Wrâldkriich lei Lipporn yn 'e Frânske besettingssône. Sûnt 1946 foarmet Lipport ûnderdiel fan 'e doe stifte dielsteat Rynlân-Palts.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Alte Burg wie in kastiel, wêrfan't hjoed-de-dei allinne noch wat resten oerbleaun binne. It wie eartiids it grutste kompleks fan Wisperlân, dat allinne troch it kastiel Rheinberg oertroffen waard. It is ek de âldste kastielruïne yn 'e krite. Mooglik wie de Alte Burg de sit fan 'e foarfaars fan 'e lettere greven fan Nassau.
- Fanwegen brekfalligens waard de midsiuwske tsjerke fan Lipporn healwei de 18e iuw ôfbrutsen en tusken 1750 en 1752 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.[2]
- De wenning oan 'e Brunnenweg 1 is in fakwurkhûs út de 18e iuw.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|