Liski (Russysk: Лиски) is in stêd yn Ruslân. It is de haadstêd fan it rayon Liski yn it oblast Voronezj.

Liski
De yn 2003-2013 yn Liski boude katedraal fan de Vladimir-ikoan fan de Mem Gods
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Voronezj
Sifers
Ynwennertal 53.897 (2018)
Oerflak 65 km²
Befolkingstichtens 829,18 / km²
Stêdekloft
Hichte 110 m (sintrum)
Oar
Stifting 1576 Foarhinne Novaja Pokrovka
Tiidsône (UTC+3)

De stêd leit oan de linker kant fan de rivier de Don, 80 kilometer súdeastlik fan Voronezj en 547 kilometer súdeastlik fan de Russyske haadstêd Moskou.

De tichtstbylizzende stêden binne Ostrogozjsk (westlik), Bobrov (eastlik) en Novovoronesj (noardwestlik).

Sa'n tsien kilometer westlik fan Liski leit it natoergebiet Divnogorje mei it Marije-Himelfeartkleaster. It natoergebiet stiet bekend om de krytrotsen mei harren karakteristike eroazjefoarmen.

It klimaat yn Liski is tuskenbeiden kontinintaal. De trochsnee delslach bedraacht alle jierren 430 oant 560 mm.

Liski ûntstie yn 1571 as in wachtpost tsjin mooglike oanfallen fan Krim-Tataren op it tsaardom Ruslân. Yn it begjin wie it bekend as Novaja Pokrovka (Новая Покровка); de lettere namme Liski ferwiist nei it rivierke de Liska.

Mei de bou fan in stasjon oan it û.o. nei Voronezj en Rostov oan de Don rinnende spoar fan it Súdeasttrajekt krige it plak wat mear ekonomyske betsjutting. Yn 1928 waard it nije rayon Liski foarme, dêr't Liski it bestjoerlike sintrum fan is. Liski krige yn 1937 stedsrjochten.

Sawol yn de Russyske Boargerkriich as ek yn de Twadde Wrâldkriich waard der fochten by Liski. Yn de Twadde Wrâldkriich lei yn july 1942 oan de oare kant fan de Don by Liski in ienheid fan de Wehrmacht stasjonearre. Nei de kriich krige Liski yndustry en spile de stêd in jimmeroan gruttere rol as agrarysk sintrum.

Liski hiet yn de Sovjet-tiid fan 1928 oant 1943 Liski Svoboda (Свобода, letterlik "frijheid") en tusken 1965 en 1991 Georgiû-Dezj (Георгиу-Деж; nei de Roemeenske politikus Gheorghe Gheorghiu-Dej).

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018
Jier 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 25.490 37.638 48.682 52.375 54.039 55.893 55.864 53.897

Bekende persoanen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Liski