Marije-Himelfeartkleaster (Divnogorje)

It Marije-Himelfeartkleaster yn Divnogorje (Russysk: Дивного́рский Успе́нский монасты́рь; Divnogorski Uspenski Monastyr) of it Divnogorje-kleaster is in muontsekleaster oan 'e Don oan 'e foet fan krytrotsen yn it Russysk-otterdokse bisdom Voronezj yn it rajon Liskinski fan 'e oblast Voronezj yn Ruslân.

Marije-Himelfeartkleaster
Дивного́рский Успе́нский монасты́рь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Voronezj
rajon Liskinski
plak Divnogorje
koördinaten 50° 58' N 39° 19' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1653
opheffing 1788, 1924
weriepening 1828, 1997
Ynformaasje bou
boujier 19e iuw; ûnderdielen âlder of nijer
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 361620519910005
Webside
Side kleaster=
Kaart
Marije-Himelfeartkleaster (Jeropeesk Ruslân)
Marije-Himelfeartkleaster
 
Sisyljaanske ikoan fan 'e Mem Gods.

Neffens in âlde tradysje soene de muontsen Ksenofon en Joasaf, dy't fan Sisylje kamen en flechtsje moasten fanwegen de katoliken, it kleaster stifte ha. De muontsen namen by de flecht in ikoan fan 'e Mem Gods mei en op it plak fan it lettere kleaster groeven hja grotten út. Fan dat ferhaal binne lykwols gjin bewizen en likemin is it bekend hoe't dat oarspronklike kleaster der út sjoen hat. Nei alle gedachten hat it ynearsten dan ek gjin kleaster west, mar in samling fan in pear grotten, dêr't de muontsen yn ôfsûndering libben. Sels as der doe lang lyn in kleaster wie, dan noch is it hiel twifeleftich dat der yn 'e 14e oant 16e iuw in aktyf kleaster west hat, om't sûnt de 14e oant healwei de 17e iuw it gebiet in plak wie, dêr't hieltiten wer fochten waard tusken Tataren en it Russyske Ryk.

In oare ferzje fan 'e preester Aleksander Kremenetski út 1912 wol ha dat it kleaster yn 1540 mooglik fernijd of nij libben ynblaasd waard troch Oekraynske Kozakken, dy't troch Poalske katoliken ferdreaun wiene. Neffens dy ferzje soene Ksenofon en Joasaf otterdokske Russen west ha, dy't as hierlingen yn it leger fan 'e byzantynske keizer Michael IV tsjinnen en op Sisylje de Arabieren besochten te ferdriuwen. De ekspedysje mislearre en nei't de katoliken der yn slaggen harren posysje op it eilân te fersterken, moasten se flechtsje en binne se werom nei harren heitelân gien.

 
Grottsjerke

Yn 1653 waarden der 80 man nei it kleaster stjoerd om fortifikaasjes en gebouwen te bouwen as ûnderdiel fan 'e ferdigeningsliny fan 'e súdlike grinzen fan it Russysje Ryk tsjin de Tataarske ynfallen. It kleasterhiem waard fan in houten wâl omfieme en njonken wenferbliuwen foar de muontsen waard in earste houten Nikolaastsjerke boud. It jiertal 1653 wurdt dêrom beskôge as de offisjele stiftingsdatum fan it kleaster. Nei't yn 1658 de earste houten tsjerke ôfbaarnde, waard dy ferfongen troch in nije tsjerke, dy't wijd waard oan 'e ûntsliepenis fan 'e Mem Gods. It âlde noch oanwêzige grottestelsel waard fergrutte, krige nije gongen en der waard in nei Jehannes de Doper ferneamde grottsjerke ynwijd. It libben yn 'e grotten wie net maklik en dêrom bouden de bruorren nije sellen om yn te wenjen.

 
Jehannes de Dopertsjerke.

It kleaster waard faak oanfallen troch Tataren en ek de opstân fan Stenka Razin tsjin it tsaredom makke yn dy tiid it gebiet ûnfeilich. By de Tataarske ynvaazje fan 1671 waard it kleaster plondere en ferneatige. Nei de werbou krige it kleaster twa kanonnen en fyfjin musketten, sadat de muontsen harren better ferdigenje koene.

It kleaster ûntwikkele him ta in wichtich regionaal ekonomysk sintrum, in sintrum fan religieus ûnderwiis mei in bibleteek en de muontsen hiene in taak tsjin de fersprieding fan 'e âldleauwigen yn it gebiet. Nei't it bisdom Voronezj stifte waard krige it kleaster in soad lân fan 'e earste biskop fan it bisdom, Mitrofan. Troch Katarina de Grutte's konfiskaasje fan 'e kleastergrûn kaam der in ein oan 'e wolstân fan it kleaster. Sûnder ynkommen rekke it kleaster yn it neigean en yn 1788 waard it sletten. De lêste muontsen fan it kleaster waarden ferspraat oer oare kleasters fan it bisdom, mar de tsjerken bleaune iepen foar de parochianen.

Nei de dea fan Katarina II besochten ferskillende plakken de sletten kleasters wer te iepenjen. Yn 1813 waard ek besocht it Marije-Himelfeartkleaster op 'e nij te iepenjen, mar der wiene tûkelteammen want de kleastertsjerken waarden brûkt as parochytsjerken en de kleastergebouwen troch preesters. Mar yn 1828 waard it kleaster dochs wer iepene op fersyk fan de abt fan it kleaster yn Korotojak, dy't syn kleaster jimmeroan mear troch it wetter fan de Don bedrige seach. De abt sels bleau yn Korotojak wenjen, wylst de bruorren tsjin it sin ferhûzje moasten nei Divnogorje. Lang bleau der tsjierderij tusken de bruorren en de lokale befolking oer it gebrûk fan 'e Tsjerke fan de Vladimir-ikoan, dy't pas yn 1856 oerdroegen waard oan it kleaster. Sûnt 1831 wie it kleaster it sintrum fan de ferearing fan in bysûnder Marije-ikoan, dat neffens de tsjerketradysje fûn wie yn 'e bosken fan 'e omkriten.

 
Grottsjerke fan 'e Sisyljaanske ikoan fan de Mem Gods.

It kleaster waard fergrutte en bleau oan 1924 iepen, doe't it opheft waard. Guon gebouwen waarden ôfbrutsen en de measte muontsen waarden yn 'e Don fersûpt. Ek de kleasterbibleteek belâne yn 'e Don en oare muontsen, dy't harren skûl wisten te hâlden, waarden yn 'e jierren 1930 deasketten. It kleaster krige ynearsten de funksje fan in fekânsjekoloanje en letter in sanatoarium. Yn 1988 krige it kompleks in museale funksje as ûnderdiel fan it 1100 hektare grutte Natoer- Arsjitekturaal en Argeologysk Museum Divnogorje, dêr't ek it unike lânskip fan in diel fan it streamgebiet fan de Don en de kalkrotsen ûnder foelen.

 
De restaurearre Untsliepenistsjerke.

Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny waard op 28 augustus 1991 foar it earst wer in tsjerketsjinst fierd yn ien fan de grottsjerken. Yn 1997 waard it kleaster wer oerdroegen oan it bisdom. Der waard in begjin makke oan 'e restauraasje fan 'e Himelfearttsjerke, dy't fan binnen hielendal plondere wie. Yn 2003 krige de koepel wer in krús. Ek waard der wer lân oanmakke foar it fee en de omjouwing opkreazge.

  • Tsjerke fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (1880-1886; restaurearre yn de jierren 1990).
  • Tsjerke fan it Sisiljaanske Ikoan fan de Mem Gods (1860; renovearre 2002).
  • Tsjerke fan Jehannes de Doper (1660; restaurearre yn de jierren 1990).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: