Liudgertsjerke (Ferwert)

De Liudgertsjerke oan de Hegebeintumerwei wie de tsjerke fan de grifformearde tsjerke en is tsjintwurdich ien fan de twa tsjerken fan de "Protestantske Gemeente Ferwert" yn Ferwert.

Liudgertsjerke
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ferwert
adres Hegebeintumerwei 5
koördinaten 53° 20' N 5° 49' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1846-1866, ferbou 1920.
Webside
PKN-gemeente Ferwert
Kaart
Liudgertsjerke (Fryslân)
Liudgertsjerke
 
Grifformearde tsjerke mei pastorij foar 1920

Yn de 19e iuw stie op it plak fan de tsjerke in hûs mei stâl fan de túnker Hendrik Braak. It kaam yn 1846 yn eigendom fan de ôfskieden gemeente en fan doe ôf oant 1866 waard it gebou ferboud ta tsjerke. Yn 1920 folge in nije ferbouwing: de muorren waarden ophege, de tsjerke krige in dwersskip en der waarden galerijen ynboud, sadat it tal sitplakken tanaam fan 572 oant 729.[1]

In lêste grutte ferbouwing fûn plak yn 2009. Doe waard it ynterieur folslein modernisearre. Yn deselde snuorje waard de tsjerke ferneamd nei Liudger, de sindeling dy't yn de omkriten fan Ferwert wurke hat.[2] De grifformearde gemeente gyng op 1 jannewaris 2010 mei de herfoarme gemeente op yn de Protestantske Gemeente Ferwert.[3]

It oargel yn de Liudgertsjerke waard yn 1921 troch de firma P. van Dam út Ljouwert boud.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Reliwiki
  2. [2] Friesch Dagblad, 7 april 2009
  3. [3] Friesch Dagblad, 4 jannewaris 2010
  4. Kerk en Orgel

Keppeling om utens