Lollius Adema (1790-1864)

Mr. Lollius Adema, (Snits, 5 jannewaris 1790Apeldoorn, 20 novimber 1864) wie in Fryske offisier fan justysje op It Hearrenfean. Lollius wie de âldste soan fan Barro Adema (1767-1822) en Anna Catharina Hora Siccama (1767-1803). Syn heit Barro Adema wie sekretaris fan Wymbritseradiel, folmacht op de Lândei fan Fryslân en drost 3e Drostamt fan Fryslân en dykdeputearre fan it wetterskip c.a Contributie Zeedijken,

Lollius Adema

Tetsje Bienema

bewurkje seksje

Lollius (‘Loo’) koe It Oranjewâld om't syn lettere styfmem Catharina Tichelaar eigener wie fan it bûtentsje ‘Klemburg’ yn Brongergea. Hy hie rjochten studearre yn Grins, dêr ’t er befreone rekke mei mei Johannes Bieruma Oosting en Fokke Bienema, de broer fan Tetsje (Ljouwert, 21 maart 1792 – dêr 22 maaie 1826.[1], dy’t op Feanwyk wenne. Hja wie yn 1792 yn Ljouwert berne as dochter fan Epke Roos van Bienema en Sara Susanna Bergsma.

It Oranjewâld

bewurkje seksje

Op 3 septimber 1812 troude Loo Adema yn Aldskoat mei Tetsje Bienema. Lollius en Tetsje hierden yn 1812 Oranjestein yn It Oranjewâld. It jonge span besleat yn 1813 om it eardere rintmastershûs fan Johannes van der Veen te keapjen. Loo wie doe abbekaat by it Keizerlik Hof yn De Haach, in funksje dy’t er yn 1815 ferwiksele mei dy fan substitút-offisier fan Justysje by de rjochtbank op It Hearrenfean. Se krigen njoggen bern, wêrfan't de earste fiif op Oranjestein berne waarden. Se bleaune der oant 1819 wenjen, doe’t Loo yn deselde funksje yn Ljouwert beneamd waard. In jier letter ferkocht er it bûtentsje oan Pieter Cats.

De Adema’s besieten yn Ljouwert in hûs yn de Weard, foar it hûs fan de Bieruma Oostings oer. Yn 1830 kocht Loo de Papingastins oan (no ûnderdiel fan it Museum it Prinsessehof). Tetsje ferstoar dêr yn 1826. Loo waard yn 1832 beneamd ta offisier fan justysje by de Rjochtbank yn It Hearrenfean en fêstige him dêr mei syn húshâlding. Yn de omkriten fan It oranjewâld en ek op oare plakken liet er op grutte skaal woeste grûn ûntginne. Neidat syn bûtentsje ‘Lyts Meerzicht’ yn 1836 klear wie liet hy de stikken lân dêr foaroer ferbetterje. By de grûn, skean foar syn hûs oer, liet er ek in nije pleats sette dy’t de namme ‘Meerzigt’ krige. It bûten en de pleats binne letter ôfbrutsen.

Hy liet ek in sânwei oanlizze, dy't letter ferhurde waard en no foar in part ‘Keninginne Julianawei’ en foar in part ‘Prins Bernhardwei’ hjit. De buert oan de 'Pôle' oan de Wilhelminawei (foarhinne pakhús) wurdt yn 'e folksmûle 'Adema' s Wyk neamd.

As grûnbesitter brocht Adema de âlde Heidedyk yn âlde steat. Hy soarge der lykwols foar dat de wei fan it wite brechje oer de Adema’s wyk (ek wol: ‘Bienema’s wyk’) streekrjocht nei de Ryksstrjitwei rûn.Tusken 1840 en 1842 waard it plan útfierd nei in protte ûnderhannelings mei de ferskate eigeners. Adema krige it rjocht om op syn nije dyk in tol te setten, en boude dêrfoar it ferneamde wite tolhûs, dat dêr noch altyd as monumint stiet. It Ryk, dat by de oanlis fan de dyk Ljouwert-Swol yn 1828 ek ferskate tolhuzen setten hie, fersette datselde jier de tolhikke en it rykstolhûs (dat stie yn de tún fan Blau Hûs, oan de Wilhelminawei) nei de tún fan Wouda oan de Sânwei. Sûnt 1900 is de tol ophâlden en om 1930 hinne is it hûs ôfbrutsen.

It is finansjeel lykwols net goed gien mei Lollius Adema. Hy liet in protte ûntginnings dwaan, mar de opbringsten dêrfan wiene net grut genôch om it fol te hâlden, en by fûnnis fan de Arrondissemintsrjochtbank fan It Hearrenfean op 14 juny 1845 waard er "verklaard in kennelijke staat van onvermogen", en beneamde hy notaris as syn kurators G. Peeting, Mr. A.F. Jongstra en dhr. T. M. Wentholt, allegear op It Hearrenfean. Dat moat him in geweldige klap west hawwe, benammen om't er ek op It Hearrenfean syn ûntslach nimme moast as Iepenbier Ministearje, en syn presidint Mr. C.H.S. van Boelens oer him dit fûnis útsprekke moast. Mei de mearderjierrige bern fan Adema makken de kuratoren yn oktober 1847 in skikking, omdat hja fansels rjocht hiene op it jild fan harren mem (dy kaam út it laach fan de bekende famylje Bienema yn Feanwyk yn Aldskoat), en dan koe de ynboel fierder ôfwikkele wurde.

Loo Adema ferhuze letter nei Apeldoorn, dêr ’t hy yn 1864 ferstoar.

Yn It Oranjewâld is de Lollius Ademaleane nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsje
  1. Historie van Oranjewoud-Klemburg