Looline
Loolijn Apeldoarn - Paleis it Loo | |||||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Totale lingte | 3,3 km | ||||||||||||||||||||
Spoarwiidte | normaalspoar 1435 mm | ||||||||||||||||||||
Oanlein troch | Willem III | ||||||||||||||||||||
Iepene | 1 maaie 1876 | ||||||||||||||||||||
Opheffing treintsjinst | 1954 | ||||||||||||||||||||
hjoeddeistige status | opbrútsen | ||||||||||||||||||||
Trajekt | |||||||||||||||||||||
|
De Looline, Keningsline of it Paleisspoar wie fan 1876 oant 1954 in ôfslissing fan de Nederlânske Easterspoarwei nei paleis Het Loo yn Apeldoarn. It spoar krige yn 1887 sels in ôfsplissing dy't de Baronneline foarme.
Skiednis
bewurkje seksjeIt diel Amsterdam Sintraal - Amersfoart fan de Easterspoarwei wie yn 1874 ree, de oanlis nei Apeldoarn en Sutfen kaam yn 1876 ree. Doe waard ek in ôfsplissing west fan stasjon Apeldoarn yn noardlike rjochting oanlein, dy't as einpunt paleis Het Loo hie. Dat baanfak hie in lingte fan 3,3 kilometer. De ferlinging wie in inisjatyf fan kening Willem III, dy't graach streekrjochte treinreizen fan De Haach nei It Loo mooglik meitsje woe. It trajekt fan de line gie de Waterloseweg del, nei de Prinsesse Beatrixlaan en de Koning Lodewijklaan del. In part fan it trajekt oer de Koning Lodewijklaan is hjoed-de-dei in kuierpaad.
It earste plan wie om it perron op de bassecour of it foarplein fan it paleis te bouwen, mar op oanrieden fan in hofarsjitekt waard dat de ein fan 'e leane, lyk foar it tagongsstek.[1] It offisjele yn gebrûk nimmen wie op 1 maaie 1876 troch Willem III sels.
Yn 1887] waard de lokaalspoarline fan Dieren nei Apeldoarn iepensteld. Dy spliste by Apeldoarn ôf yn noardlike rjochting en sleat mei in eastlike bôge oan op de Looline. Koart foar it paleis takte de line dan wer ôf yn eastlike rjochting en hie ynearsten as einpunt stasjon Het Loo. Letter waard de line trochlutsen nei Swol: de Baronneline. Yn 1908 waard it perron fan Paleis het Loo ferlinge om de langere keninklike treinen plak jaan te kinnen.
Yn de Twadde Wrâldkriich brutsen de Dútske besetters lykas op in soad plakken yn Nederlân dielen fan it paleisspoar op, alteast it part fan de ôfslissing nei Swol oant paleis Het Loo.[2]. Letter waard dit trajekt opnij oanlein, nei de kriich makke Wilhelmina der noch geregeldwei gebrûk fan.
Nei Wilhelmina’s troansôfstân yn 1948 rekke de line yn ûnbrûk. De Looline waard yn 1954 opbrutsen, neidat ek it persoaneferfier oer de line nei Swol al staakt wie.
Restanten
bewurkje seksje-
Ald-wachtpost oan de Soerenseweg.
-
Eardere trajekt Lodewijklaan.
-
Eardere wachtpost 1A.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|