Louis Charles Breguet
Louis Charles Breguet (Parys, 2 jannewaris 1880 - Saint-Germain-en-Laye, 4 maaie 1955) wie in Frânske fleanmasineûntwerper en -bouwer, ien fan de iere loftfeartpioniers.
Louis Charles Breguet | ||
200px | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Louis Charles Breguet | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 2 jannewaris 1880 | |
berteplak | Parys | |
stoarn | 4 maaie 1955 | |
stjerplak | Saint-Germain-en-Laye | |
wurkpaad | ||
berop/amt | fleanmasinefabrikant |
Yn 1919 stifte er de Compagnie des Messageries Aeriennes, wat letter Air France wurde soe.
Hy is fral ferneamd fan syn ûntwerp fan ferkenningsfleanmasines dy't de Frânsken brûkten yn de Earste Wrâldkriich en letter yn de jierren tweintich. Hy wie ien fan de earsten dy't metaal yn de bou fan fleantugen tapaste, nammentlik yn de Breguet 14.
Breguet bleau in fleanmasinefabrikant fan belang oant yn de Twadde Wrâldkriich en ûntwurp dêrnei kommersjele transportfleantugen.
Olympyske spullen
bewurkje seksjeBreguet wûn in brûnzen medalje mei syn 8 meter jacht Namousa op de Olympyske Simmerspullen fan 1924.
-
Breguet-Richet gyrofleanmasine (1907)
-
1911 Breguet twadekker Type R.U1 No.40