Louise Germaine
Louise Germaine (folút: Tina Louise Germaine; Margate, 1971) is in Britsk model en aktrise fan Ingelsk komôf. Hja waard benammen bekend fan har rol yn 'e tillefyzjesearje Lipstick on Your Collar.
Louise Germaine | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tina Louise Germaine | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 1971 | |
berteplak | Margate (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | ±1990 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeGermaine waard yn 1971 berne yn Margate, in baaiplak yn it Súdingelske greefskip Kent. Har heit, David Germaine, pykte al foàr har berte út en liet har mem Yvonne Reid sitte wylst se swier wie en twa lytse bern, Germaine har bruorren Ian en Mark, te fersoargjen hie. Op 'e legere skoalle waard Germaine Tin Ribs neamd, om't se doe sa meager wie, mar ûnder de puberteit ûntpopte it ûnsjogge jonge pykje har ta in kreaze frou, en begûn se in karriêre as model.
Omtrint 1990 sette Germaine ek útein mei aktearjen. Dêrby krige se de measte bekendheid mei har haadrol as de ûvreuze Sylvia Berry yn 'e tillefyzjesearje Lipstick on Your Collar, út 1993. Letter spile se ek it keamerfamke Kate Hargreaves yn 'e seisdielige komeedzjerige House of Windsor, út 1994.
Op 14 febrewaris 1994 troude Germaine oan 'e igge fan it skildereftige Loch Lomond, yn 'e Skotske Heechlannen, mei hierknipper Lea Carter (1964), dy't de bêste freon fan ien fan har bruorren wie en dy't se sadwaande al har hiele libben koe. Yn maaie 1995 krigen hja in dochterke, dat Daisy Louise kaam te hjitten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |