Lucas Bunt
Lucas Bunt (Nijehaske, 17 april 1907 - It Hearrenfean, 21 april 1981) wie in Fryske SS'er ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Mei Fransoos Exaverius Lammers, Zacharias Sleijfer en Jan Meekhof behearde er ta de beruchte fjouwer fan Fryslân.[1] Hy wie hoarekaûndernimmer en eksploitant fan it Friesch Koffiehuis yn Ljouwert.[2] Yn 1944 waard er lid fan de Lânwacht. Teffens wied er lid fan de NSB. Hy arbeide in protte op mei de SD Ljouwert.
Op 23 septimber 1947 waard er ta de deastraf feroardiele fanwegen kollaboraasje.[3] [4] Letter waard de deastraf feroare yn in libbenslange finzenisstraf. Yn 1959 waard er frijlitten.
Bunt stoar yn 1981 yn de âldens fan 74 jier.[5]
Publikaasje
bewurkje seksje- Paul van de Water: In dienst van de nazi's. Gewone mensen als gewelddadige collaborateurs. Utjouwerij Omniboek, Utert, 2020. ISBN 978-9401916097
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|