Luitenant-op-see 2e klasse
In luitenant-op-see 2e klasse is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine. Hjirby wurdt ûnderskie makke tusken de luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory, wêrfan't kaptein de ekwivalinte rang is by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers, en luitenant-op-see 2e klasse sûnder tafoeging (hoewol't der ynformeel soms "jongste kategory" oan taheakke wurdt), wêrfan't earste luitenant de ekwivalinte rang is by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers.
De oansprektitel fan in luitenant-op-see 2e klasse is "mynhear" of "mefrou". De rang wurdt by de Nederlânske marine yn 'e regel ôfkoarte ta 'LtZ2' (foar luitenant-ter-zee 2e klasse) of 'LtZ2oc' (foar luitenant-ter-zee 2e klasse oudste categorie). De boppelizzende rang is luitenant-op-see 1e klasse, en de ûnderlizzende rang is luitenant-op-see 3e klasse. Dêrmei is luitenant-op-see 2e klasse de middelste subalterne ofsiersrang by de marine.
Skematysk oersjoch
bewurkje seksjeOersjoch fan 'e oangeande rangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
kaptein | luitenant-op-see 2e klasse | kaptein of flechtluitenant |
earste luitenant | earste luitenant of flechtofsier |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
bewurkje seksje(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-2 | |||||||
kaptein kaptein (by de kavalery ritmaster, ritmaster) |
luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory mynhear/mefrou (by it Korps Mariniers: kaptein) |
kaptein kaptein |
kaptein kaptein | ||||
NATO rang OF-1 | |||||||
earste luitenant luitenant |
luitenant-op-see 2e klasse mynhear/mefrou (by it Korps Mariniers: earste luitenant) |
earste luitenant luitenant |
earste luitenant luitenant |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |