Thomas Luke Macfarlane Jr. (Londen, Ontario, 19 jannewaris 1980) is in Kanadeesk akteur.

Luke Macfarlane
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Luke Macfarlane
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 19 jannewaris 1980
berteplak London (Ontario)
jierren aktyf 2004 -

Oplieding bewurkje seksje

Tegearre mei syn twalingsuster besocht Macfarlane yn syn wenplak de London Central Secondary School. Hy waard sjonger by de band Fellow Nameless, mar hold dêr mei op om in stúdzje Drama folgje te kinnen oan de Juilliard School yn New York. Yn 2003 hat Macfarlane syn stúdzje ôfsletten.

Karriêre bewurkje seksje

De earste rol yn in gruttere film krige Macfarlane yn 2004 yn de film "Kinsey", dêr't hy de rol Bruce yn spile, de soan fan de seksuolooch Alfred Kinsey. Yn de tillefyzjesearje "Over There" spile Marfarlane de soldaat Frank Dumphy. Fan 2006 oant 2011 krige hy de rol fan Scotty Wandell yn de ABC-searje "Brothers & Sisters". Yn de minysearje "Iron Road" fan David Wu hie Macfarlane de haadrol as James Nichol.

Yn de sikenhûssearje "The Night Shift" spile Macfarlane sûnt 2014 Rick Lincoln. Sûnt 2015 is Macfarlane as D'avin Jaqobis te sjen yn de Kanadeeske SF-searje "Killjoys".

Priveelibben bewurkje seksje

Macfarlane kaam yn in ynterview mei de Kanadeeske krante The Globe and Mail op 15 april 2008 út de kast as iepen homoseksueel. Hy hie foar dit momint keazen fanwegen syn rol op dat stuit as Scotty yn Brothers & Sisters: yn dizze searje troude Scotty mei syn freon Kevin.

Filmografy (seleksje) bewurkje seksje

  • 2004: Kinsey
  • 2004: Tanner on Tanner (tillefyzjesearje, fjouwer episoaden)
  • 2005: Over There (tillefyzjesearje, 13 dielen)
  • 2006–2011: Brothers & Sisters (tillefyzjesearje, 89 dielen)
  • 2007: Supreme Courtships
  • 2009: Iron Road (minysearje)
  • 2012: Beauty and the Beast (tillefyzjesearje, episoade "Proceed with Caution")
  • 2013: Satisfaction (tillefyzjesearje, 13 dielen)
  • 2013: Person of Interest (tillefyzjesearje, episoade "Proteus")
  • 2013: Smash (tillefyzjesearje, 2 episoaden)
  • Sûnt 2014: The Night Shift (tillefyzjesearje)
  • 2015: Killjoys (tillefyzjesearje, 10 dielen)
  • 2016: Mercy Street (minysearje)

Keppeling om útens bewurkje seksje