Lutgardis fan Tongeren

Lutgardis fan Tongeren (* 1182 – † 16 juny 1246) is in katolike hillige en mystika, dy't berne waard yn it Flaamske Tongeren. Al yn 'e âldens fan tolve jier waard se tabetroud oan it kleaster, wat yn dy tiid net nuver wie. Yn har libben waarden har ferskate wûnders taskreaun en fanwegen har ferset om Frânsk te learen waard Lutgardis yn 'e 19e iuw útroppen ta de patroanhillige fan Flaanderen.

Lutgardis fan Tongeren
   hillige
Skilderij fan Lutgardis, Gaspar de Crayer (1584–1669)
Skilderij fan Lutgardis, Gaspar de Crayer (1584–1669)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1182
berteplak Tongeren
stjerdatum 1246
stjerplak Awirs
wurkpaad
kleasteroarder Ynearsten benediktinen, letter sistersjinzers
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 16 juny
patroan fan Bline minsken, swiere froulju, Flaamske beweging, Flaanderen

It libbensferhaal fan Lutgardis is bekend fanwegen in midsiuwske hilligebeskriuwing fan 'e dominikaan Tomas fan Cantimpré, dy't yn Keulen by Albertus Magnus studearre. Hy koe har persoanlik en de ynformaasje dy't er yn 'e vita fêstlei is streekrjocht ôfkomstich fan Lutgardis.

Lutgardis waard yn 'e âldens fan noch mar 12 jier tabetroud oan 'e nonnen fan 'e benediktynske abdij Sint-Katarina by Sint-Truiden yn it bisdom Limburch. Nei't hja in fizioen fan Kristus krige waard se yn 'e âldens fan 20 novise en wat letter al tsjin it sin ta de priores fan it kleaster keazen. Om't de sistersjinzerske kleasterregels wat stranger wiene, wist har freondinne Kristina har oer te heljen om har te foegjen by de sistersjinzers fan Awirs by Brussel. Dêr praten de nonnen Frânsk, mar op foarspraak fan 'e Hillige Jongfaam krige se de garânsje dat hja nea in wurd Frânsk prate soe. Letter ferhûze Lutgardis nei in abdij yn 'e omkriten fan Nijvel en wer wat letter kaam hja werom yn Awirs. Dêr soe Lutgardis oant har dea wenjen bliuwe.

Foar de bekearing fan 'e Kataren fêste Lutgardis fjirtjin jier lang. Yn har libben krige Lutgardis in soad fizioenen en der soe bloed út har holle dript ha as Lutgardis oer it lijen fan Kristus meditearre. De lêste jierren fan har libben wie Lutgardis blyn.

De reliken fan Lutgardis waarden ynearsten bewarre yn 'e abdij fan Awirs, mar yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje namen de nonnen de reliken op 4 desimber 1796 mei nei it kastiel fan Fauquez yn Itter. Yn 1819 krigen de reliken in plak yn 'e parochytsjerke fan Itter, dêr't se oant de dei fan hjoed fereare wurde.

Fan Lutgardis wurdt yn 'e kapel fan 'e abdij Mariënlof yn Kerniel de bidstoel bewarre. De bidstoel is ôfkomstich út de eardere benediktynske abdij by Sint-Truiden en wurdt beskôge as de âldste bidstoel fan Belgje.

Yn 'e ikonografy wurdt Lutgardis yn in benediktynsk of sisterzjinzersk habyt ôf- en útbylde, fakentiden mei in krúsifiks.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Lutgard von Tongern