Lycklamafeart

(Trochferwiisd fan Lycklemevaort)

De Lycklamafeart (Stellingwerfsk en offisjeel: Lycklemevaort) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf by de súdwestlike grins fan it Fochtelerfean lâns, dy't ein 19e iuw groeven waard. De feart rint noard fan Ravenswâld, súdwestlik fan it Fochtelerfean en ferbynt de Fjirde Opwyk mei de Alfde Wyk. Op de Lycklamafeart komme in hiel soad wiken út, se binne oerbleaun fan de turfwinning yn dit gebiet.

De Lycklamafeart by it Fochtelerfean
De wikenstruktuer benoarden de Lycklamafeart yn it Fochtelerfean

De namme Lycklemevaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lycklamavaart.

De Lycklamafeart is oanlein troch leden fan it feanterslaach Lycklama à Nijenholt, eigeners fan de Opsterlânske Kompanjy. It kanaal wie foar de ûntwettering fan it Fochtelerfean en de ôffier fan turf. De feart wie ferbûn middels de Nije Feart mei de Opsterlânske Kompanjonsfeart en dêrtroch ek mei de Drintske Haadfeart. It kanaal hat syn oarspronklike funksje ferlern en heart no ta it natoergebiet Fochtelerfean.

Benoarden de feart is in diel fan de oarspronklike wikenstruktuer noch goed te sjen (sjoch: ôfbyld). Ek de feanputten binne dúdlik yn it lânskip te ûnderskieden. Besuden de Lycklamafeart is it lêste fean noch yn 1961 ûntgûn. De feangebieten oan de Fryske side wienen eigendom fan de famylje Lycklama à Nijenholt, oan de Drintske kant wie it feangebiet fan 'e Maatskippij fan Woldiedichheid. De Lycklama's lieten noch in kanaal yn Fryslân oanlizze dat harren namme krige. Dit kanaal rûn fan de Tsjonger nei Wolvegea.

Foar it earst yn 250 jier briede der wer Europeeske kraanfûgels yn it Fochtelerfean. Ek oan de Lycklamafeart hat in kraanfûgelpearke twa jongen grutbrocht.