Lytse swartstreekwytflinter

Lytse swartstreekwytflinter
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: wytflinters (Pieridae)
soarte
Pieris napi

De lytse swartstreekwytflinter (Pieris napi) is in flintersoarte yn it skaai fan de koalflinters (Pieris).

Foarkommen Bewurkje

De lytse swartstreekwytflinter is in tige algemiene stânflinter. Hy komt oer it hiele lân ferspraat foar. De lytse swartstreekwytflinter hâldt fan fochtige greiden en boskrânen. Ek komme se foar yn tunen, parken en op de heide. Se hawwe in foarkar foar wiete plakjes.

Op de reade list stiet de flinter as no net bedrige.

Fleantiid Bewurkje

De flinter fleant fan begjin maaie oant begjin juny. De twadde en tredde generaasje oerlaapje elkoar. Dy generaasjes fleane fan heal juny ôf oant heal septimber.

Flinter. Bewurkje

De wjuklingte is likernôch 20 oant 24 mm. De ieren op de efterwjuk binne griis grien. It swarte plak op de foarwjuk punt rint nei ûnderen ta. Op de boppekant fan de foarwjuk sit in swart plak. It mantsje hat ien plak en it wyfke hat twa plakken.

Rûp Bewurkje

De rûp oerwinteret as in pop. Dy pop hinget faak oan in stien of takke.


De weardplanten fan de rûp binne foaral Sipelkrûd, de Pinksterblom en krúsblommigen lykas koal.

 
In wyfke

Sjoch ek Bewurkje