Jousterpiip

(Trochferwiisd fan Lytssânsterpiip)

De Jousterpiip (of Lytssânerpiip, offisjeel: Jousterpijp) is in eardere wetterpoarte en tsjintwurdich brêge yn de stêd Snits, dy't de oerkrusing foarmet fan de Stêdsgrêft (it Lytssân) en de Jousterkaai.

De Jousterpijp yn 1900, sicht op de Jousterkaai en dêrefter de 1e Easterkaai

Dizze wetterpoarte foarme de yngong fan de stêd foar skippen út de rjochting fan De Jouwer. Yn 1764 wie de poarte yn ferfal rekke, wêrnei't dizze hielendal ôfbrutsen waard. Hjirfoar yn it plak waard in stiennen brêge (of piip) boud, dy't boppe izeren leunings en mei stiennen en houten hie.

Tsjintwurdich stiet dizze brêge der noch yn modernisearre foarm. Fierder de stêd yn leit de Bysketoerbrêge.

Yn 2017 is de namme fan de brêge troch de gemeente fêstlein as "Jousterpijp".