Stedsgrêft (Snits)

(Trochferwiisd fan Stêdsgrêft (Snits))

De Stêdsgrêft (Offisjeel: Stadsgracht) is de kollektive namme foar it wetter yn de binnenstêd fan de stêd Snits, de kombenaasje fan de stêdsgrêft en de grêften yn 'e stêd. De grêft hat dêrom trije rinnen. De namme Stadsgracht jildt sûnt 15 maart 2007 foar alle trije as de offisjele namme.

Lemmerbrêge
Harinxmabrêge
Toppenhústerbrêge
Blik fan de Wilhelminabrêge ôf

Fan de Kolk giet de stêdsgrêft ûnder de Lemmerdykbrêge troch nei it súdeasten, tusken de Rienck Bockemakade en de Balthuskade troch, en draait dan nei it noardeasten, tusken de Rienck Bockemakade en de Prinsegrêft nei de Wâldfeart. Dit earste part, dat yn de folksmûle Prinsegrêft hjit nei de kade dêr't it bylâns rint, is groeven fan 1492 ôf, doe't de Nijstêd binnen de nije stêdwal brocht wurde moast.

Fan hjir rint it wetter fierder tusken de Harinxmakade en de Koopmansgrêft, nei de Van Harinxmabrêge, en dan fierder nei it Heablok. Dit part is tagelyk mei it earste groeven, om in ferbining te meitsjen tusken de Nijstêd en de Easterdyk.

It lêste part rint fan it Heablok, tusken de Bothniakade en de Koopmansgrêft nei de Toppenhústerbrêge, dêr't it wetter oanslút op it Simmerrak en de Aldfeart. Dit wie nei gedachten it earste part fan de âldfeart, oant de útwreiding fan 1492 ôf, dêr't de Easterdyk en it wetter besuden dêrfan binnen de stêd by brocht waarden. Dizze twa parten hjitte yn de folksmûle fan Koopmansgrêft, nei de kade dêr't dy bylâns rinne.

De súdrin hat brêgen dy't iepen kinne en kin dêrom brûkt wurde troch de plezierfeart.

Fan de Kolk giet de stêdsgrêft ûnder de Wûnderbrêge troch nei it noardwesten, tusken de Wetterpoartsgrêft en de Westersingel troch nei de Keningsbrêge. It is net hielendal wis at dit natuerlik wetter is, mar as net, dan is it groeven foar de foar Snits histoaryske tiden. Dit part hjit yn de folksmûle de Wetterpoartsgrêft, nei de wâle dêr't it bylâns rint.

Fan de Keningsbrêge rint it wetter nei it noarden, tusken de Tsjerkegrêft en de Westersingel troch. Dit part hat yn de folksmûle de namme fan Tsjerkegrêft, nei de wâle dêr't it bylâns rint. Dit part is nei alle gedachten in natuerlike begrinzing fan de stêd, dy't sa ta stêdgrêft wurden is. Oan de noardein fan de âlde stêd draait it wetter nei it easten nei de Noarderpoartsbrêge. Dit stikje hjit ek wol Noardersingel, nei de namme dy't de kaai oan de noardkante fan it wetter earder hân hat. Hoewol't it wetter yn oarsprong ûntstean is sa't de Tsjerkegrêft ûntstean is, is de hjoeddeiske lizzing it gefolch fan it ferdigeningswurk fan de Noarderpoarte dat de noardein fan de stêd foarmjûn hat.

Fan de Noarderpoartsbrêge rint de Stêdsgrêft nei it easten tusken de Prins Hindrikkade en de Badhúsgrêft troch, nei it punt dêr't earder de Neltsjehaven der op oansleat, en dan tusken de Prins Hindrikkade en de huzen fan de Noarderpoart troch nei de oanslúting mei de Frjentsjerter Feart. Op dizze twa stikjes wurdt it wetter almeast Badhúsgrêft neamd, nei de kade dêr't it earste bylâns rint. Ek dit part is foarme troch de ferdigening fan de Noarderpoart.

It wetter rint dan fierder nei it easten tusken Prins Hindrikkade en Swarte Dyk troch en dan tusken Prins Hindrikkade en Looxmagrêft troch nei de Keninginnebrêge. Dit part is groeven as in âlde stêdsgrêft, wêrtroch in stik stêd benoarden de Himdyk binnen de stêd foel. Yn de folksmûle hjitte dizze stikken Looxmagrêft nei de kade dêr't it lêste part bylâns rint.

Fan de Keninginnebrêge rint de Stêdsgrêft tusken deselde twa strjitten fierder nei it easten, nei de oanslúting mei de Swette. Dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. Ek dit stik hjit yn de folksmûle fan Looxmagrêft nei de kade dêr't it bylâns rint.

It wetter rint dan tusken Prins Hindrikkade en de Twadde Easterkade fierder en draait nei it súdeasten nei de Easterpoartsbrêge. Ek dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. It wetter hjir hjit ek wol fan Easterpoartsgrêft, nei de brêge.

Besuden de Easterpoartsbrêge rint it wetter fierder nei it súdeasten, tusken Jousterkade en de Earste Easterkade troch, foarby de Lytssânsterpiip, en slút dan oan op it Simmerrak en de Aldfeart. Ek dit part hjit wol fan Easterpoartsgrêft.

De noardrin hat meast brêgen dy't net iepen kinne en kin dêrom min brûkt wurde troch de grutte plezierfeart. Dat makket de rin lykwols gaadlik foar roeiboaten en flústerboatsjes. Foaral it noardwestlik part, mei noch griene wâlen, is prachtich om lâns of bylâns.

Fan de eastein fan de Kolk oan de binnenkant fan de Wetterpoarte, rint de Middelrin tusken de beide wâlen fan it Heechein ûnder de Heecheinsterbrêge troch nei it easten. Dit part, dat yn de folksmûle it Heechein hjit nei de beide kaden, hat lang de haven fan Snits west, oant begjin 17e iuw de Kolk útgroeven waard ta in haven. It wetter gong oarspronklik fierder troch de Singel en de Hege Peallen, mar sûnt de Singel yn de 20e iuw dimpt is, is de Hoogendsterbrug Súdbrêge de ienigste trochgong.

Fanaf de Hoogendsterbrug, ûnder de Middelbrêge troch, nei de Aaiebrêge, rint de Stêdsgrêft tusken de beide wâlen fan it Grutsân troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít Grutsân, nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.

By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde Aaiebrêge der ien fan wie, giet de Wip nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonklik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de beide wâlen fan de Sûpemerk/Suupmerk troch, wat yn 'e folksmûle Sûpemerk hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de Bokkensbrêge (Sylsterbrêge) troch, ek wer in oerklúsing dy't âldere brêgen ferfong: fjouwer brêgen dêr't de âlde Sylsterbrêge der ien fan wie. Fan dêr rint de grêft ûnder de Bysketoerbrêge tusken de beide wâlen fan it Lytssân troch en draait stadich nei it noardeasten, oant it troch de Jousterpiip op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it Lytssân. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de huzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.

Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de Bokkensbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne dêr it wetter smeller by makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As wetterstêd wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.

De súdrin en noardrin binne tegearre as stêdsgrêft oanwiisd as ryksmonumint. De middenrin is as wetter yn 'e stêd ek oanwiisd as ryksmonumint.