Aaiebrêge
De Aaiebrêge (Offisjeel: Eierbrug) is in oerklûzing yn 'e binnenstêd fan Snits, oer in trijesprong yn de Stêdsgrêft.
Stee
bewurkje seksjeDe Aaiebrêge wurdt wol beskôge as it midpunt fan Snits, wat foar de Binnestêd aardich presys is. Ut it suden komt it wetter fan it Grutsân, út it easten it wetter fan it Lytssân en de Sûpemerk, en út it westen it wetter fan de Liuweburch, de Wip. Eartiids gong it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze. De tagong is noch sichtber yn 'e Wip, mar is net mear iepen.
Fierder nei it easten leit de Bokkensbrêge. Fierder nei it suden lizze de brêgen oer it wetter fan it Grutsân.
Namme
bewurkje seksjeYn 2017 is de namme fan de brêge troch de gemeente fêstlein as "Eierbrug". Dy oerklûzing hat yn 1955 trije âldere brêgen ferfongen, dêr't de âlde Aaiebrêge der ien fan wie. Op en om dy brêge wie de hannel yn ljipaaien en hinne-aaien.