Bokkensbrêge
De Bokkensbrêge of Sylsterbrêge (Offisjeel: Bokkensbrug) is in piip yn 'e binnenstêd fan Snits, dy't de oerkrusing foarmet fan de Stêdsgrêft (Suupmerk/Lytssân) en de Singel/Dimpte Poartesilen.
Stee
bewurkje seksjeOp it stee fan de piip wie eartiids in brêgekant oer de wetters fan de Woartelmerk, it Lytssân, De Poartesilen en de Suupmerk. Yn 1930 binne de Woartelmerk en de Poartesilen dimpt, en is der in fêste brêge oerlein foar de oare rjochting. Yn de twadde helte fan de 20e iuw is de brêge in piip wurden, dy't de Lytssân-side breder wie. Fanwegen in ferkeartrochrinplan kaam der in rydstrook by dat it ferkear fan de noardwâl fan it Lytssân nei de súdwâl koe. Auto's kinne no oarnaris net mear fan it Lytssân fia it krúspunt fierder de Binnenstêd yn. Tusken de twa rydstroken stiet it byld Bern mei laam fan Maria van Everdingen.
Fierder de stêd yn leit de Aaiebrêge; fierder nei bûten leit de Bysketoerbrêge.
Namme
bewurkje seksjeYn 2017 is de namme fan de brêge troch de gemeente fêstlein as "Bokkensbrug". Dy namme is in ferwizing nei in brêgewipper fan doe't der noch ear't de brêge in piip waard. De namme Sylsterbrêge wie de namme fan ien fan de fjouwer brêgen dy't hjir yn in brêgekant leinen doe't de Singel en de Poartesilen beide noch iepen wienen. De namme tsut op de Poartesilen, benoarden de brêge.