Keningsbrêge (Snits)
De Keningsbrêge is in brêge in Snits, oer de noardrin fan de Stedsgrêft. De brêge ferbinet it Martiniplein mei de Westersingel.
De brêge waard yn likernôch 1881 oanlein, dat de namme Keningsbrêge ferwiist nei Kening Willem III. De brêge wie oanlein as ferbining mei de Stasjonstrjitte nei it takomstige Stasjon Snits. Ek kaam der sa in maklikere tagong ta de Gemeentlike HBS Snits. Foar de oanlis fan de brêge hie de Stedsgrêft iepen west tussen de Noarderpoartsbrêge en de Westerpoartsbrêge.
Om't dizze rin fan de Stedsgrêft net sa drok wie, waard in fêste brêge oanlein, mei in getten izeren brêgelining dy't der hieltiten noch is. It weidek is op de hichte fan de strjitte lein. It is dêrmei ien fan de leechste brêgen fan Snits, wat noch mear sa wie yn de tiid dat der in gaspiip ûnder hong. Om't de noardrin fan de Stedsgrêft net sa drok is, is dy lykwols gauris part fan de Alvestêdetocht. Fanwege dat de brêge net heech is, kin der iis ûnder lizze mar moat der al klune wurde.