De Mûne Van Hal is in nôtmûne yn it Gelderske doarp Voorst. De bultmûne waard yn 1866 boud yn opdracht fan Bernhard Stapelbroek. Theodora Johanna, de dochter fan dy mounder, boaske yn 1899 mei Johannes Hubertus van Hal.

Mûne 'Van Hal'
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Voorst
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1866
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 515762 [1]
offisjele webside
Side Nôtmûne Voorst

Yn it foarhûs fan de pleats, dy't njonken de mûne stie, sette Johannes van Hal útein mei in bierlokaal, de foarrinner fan it hjoeddeiske restaurant by de mûne. Op 7 jannewaris krige er fergunning foar in nôtmeallerij mei in benzinemotor fan 18 hk, sadat ek sûnder wyn mealle wurde koe.

By de gefjochten yn de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne skeind en yn 1957 ferlear de mûne syn kape en it wjukkenkrús. In part fan de wjukken wie al earder nei bliksemynslach ferwidere. In goede tsien jier letter waard besocht de mûne wer op te meitsjen, mar dat draaide op neat út.

De namme fan de mûne ferwiist nei de eardere moundersfamylje Van Hal. Yn 1999 waard de mûne ûnderbrocht by de Stifting Nôtmûne Voorst (Stichting Korenmolen Voorst). De stifting sette yn 2009 útein mei de restauraasje. Sûnt 2010 hat de mûne wer in kape en is de mûne mealfeardich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: