Haadmenu iepenje
Kristlike Ulo yn Moarrewâld

Mulo (ek Ulo) wie de ôfkoarting foar (mear) útwreide leger ûnderwiis, in Nederlânske skoalfoarm dy't ûntstie ûnder de Underwiiswet fan 1857, in skoalle foar fuortset ûnderwiis nei de legere skoalle.

Nei de fjouwerjierrige Mulo koe trochstreamd wurde nei de mfs of hbs. It skriftlike en mûnling eksamen bestie út Nederlânsk, Frânsk, Ingelsk, Dútsk, algebra, mjitkunde, ierdrykskunde, skiednis en natuerkunde. Ek waard in sifer jûn foar skriuwen (hânskrift of fersoarging skriftlik wurk), dat lykwols net meitelde foar de útslach. Neist dizze eksamenfakken waard ek lesjûn yn biology, hannelskennis, boekhâlden, bedriuwsrekkenjen en gymnastyk. In R.K. Mulo hie ek noch godstsjinstlear op it programma.

Neist de gewoane Mulo, ek wol Mulo-A neamd, wie der de Mulo-B; yn it lêste jier, it eksamenjier waard ekstra algebra, mjitkunde (o.a. goniometry) en fysika (natuerkunde mei meganika) jûn en eksaminearre. As tagelyk eksamen foar Mulo en Mulo-B dien waard, koe ien fan de frjemde talen en ierdrykskunde of skiednis ferfalle. Fansels ferfoel dan ek de 'normale' algebra, mjitkunde en natuerkunde. Fierders koe eksamen dien wurde yn boekhâlden, bedriuwsrekkenjen, hannelskennis, bedriuwslear en rjochts- en wetskennis. Yn sa'n gefal krige men in oantekening op it diploma, dat lykweardich oan it middenstânsdiploma wie. Dan wienen der skoallen dêr't fakultatyf eksamen dien wurde koe yn tekenjen of skiekunde (mei in ienfâldiger en in moeiliker programma).

It skoaltype Mulo waard yn 1968 ferfongen troch de Mafû.

Ulo en Mulo wurdt ek skreaun as ULO en MULO of ulo en mulo.

Mulo-B diploma (1965) mei hannelsoantekening (=middenstânsdiploma)Bewurkje