Madagaskarpappegaaido

De Madagaskarpappegaaido (Treron australis) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae). De soarte is endemysk op Madagaskar

Madagaskarpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron australis
Linnaeus, 1771
IUCN-status: net-bedrige
 
Treron australis.

Madagaskarpappegaaidowen wurde likernôch 32 sm lang en wege tusken 168 en 256 gram. Tusken mantsjes en wyfkes besteane gjin grutte ferskillen. De kop, de hals en it boarst binne gielbrún, de flanken griisgrien. De rêch en de wjukken binne oliifgrien; de sekundêre slachpinnen binne ek oliifgrien mar hawwe in bleekgiele seame, wylst de haadslachpinnen swart binne. De stjoerfearren binne blaugriis oant griengriis. De fûgels hawwe in ljocht blaugrize snaffel. It fleizige membraan oer de noasiepening is read, de iris blaueftich en de poaten binne giel.

Undersoarten

bewurkje seksje

De Madagaskarpappegaaido is te ferdielen yn twa ûndersoarten:

  • T. a. xenius: westlik Madagaskar.
  • T. a. australis: eastlik Madagaskar.

De fûgel komt lokaal in soad foar op Madagaskar, ek op 'e Nosy Hara-arsjipel. Fanwegen it fleis wurdt der in soad op 'e fûgels jage, mar de populaasjes werstelden harren hieltiten wer fan tebekgong. De IUCN klassifisearret de do op 'e Reade list as net-bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Madagaskar-Grüntaube (ferzje 19 april 2024)