Maidenhead
Maidenhead is in plak yn de besjoerlike krite Windsor en Maidenhead, yn it Ingelske greefskip Berkshire. Maidenhead hat likernôch 70.000 ynwenners. De stêd (town) leit oan de Teems, 41.4 km bewesten Charing Cross yn Londen.
Maidenhead | ||
Maidenhead oan de Teems | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Berkshire | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 70.374 (rûsd, 2019) | |
Oar | ||
Postkoade | SL6 | |
Tiidsône | (UTC+0) | |
Offisjele webside | ||
The Royal Borough of Windsor and Maidenhead |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeDe namme Maidenhead', ferwiist nei in drokke krite oan de rivier, dêr't de New wharf as Maiden Hythe boud waard, faaks al yn de tiid fan de Angelsaksen. Guonts hawwe suggerearre dat de tichtby lizzende Great Hill of Taplow "Mai Dun" neamd waard troch de Britten yn de Izertiid. It plak fan it stedssintrum hjitte oarspronklik "South Ellington" en waard al neamd yn it Domesday Book.
Yn 1280 waard in brêge oer de rivier lein, yn it plak fan in fear, by wat doe de buorskip South Ellington hiet. De A4 road (Great West Road) nei Reading, Gloucester en Bristol waard ferlein oer de nije brêge. Rillegau ûntstie in werf neist de brêge en South Ellington kaam Maidenhythe ("nije werf") te hjitten. Maidenhead groeide en waard in stopplak foar postkoetsen ûnderweis fan Londen en Bath en yn de High Street kamen herbergen. De brêge fan Maidenhead fan no is fan 1777.
Doe't de Great Western Railway de stêd berikte, wreide de stêd him fierder út. Modderige diken waarden ferbettere en der kaam iepenbiere tsjinstferliening. De High Street krige fannijs in oar oansjen - oeral yn de stêd ferskynde Viktoriaanske reade bakstien-arsjitektuer. Maidenhead kaam 1894 op himsels te stean by de ôfskieding fan de civil parishes Bray en Cookham.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |