Maimi Yajima (Japansk: 矢島 舞美, Yajima Maimi; Saitama, 7 febrewaris 1992) is in Japansk sjongster en aktrise. Hja is de liedster fan 'e fammegroep Cute, dy't diel útmakket fan it Hello! Project.

Maimi Yajima
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme 矢島 舞美, Yajima Maimi
nasjonaliteit Japansk
berne 7 febrewaris 1992
berteplak Saitama (Japan)
etnisiteit Japansk
wurkpaad
sjenre popmuzyk
sjongtaal Japansk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.helloproject.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Yajima joech har 2002, doe't se tsien jier wie, by it Hello! Project as ien fan fyftjin bern dy't útkeazen wiene by de audysjes foar Hello! Project Kids, nei't se dêr it nûmer Momoiro Kataomoi fan Aya Matsuura songen hie. Datselde jiers makke se har akteardebút yn 'e film Koinu Dan no Monogatari, wêryn't se de rol fan ien fan 'e smjunten spile. Yn 2003 waard se lid fan ZYX, in bernesjonggroep binnen it Hello! Project, wêrmei't se twa singles útbrocht.

Yn 2004 waard de groep Berryz Kobo foarme, mei it doel om 'e famkes fan it Hello! Project dêr om bar oan dielnimme te litten. Yajima hearde net ta it groepke dat dêr fuortendaliks foar útornearre waard, en letter stoar dit diel fan it projekt in sêfte dea. De oare fammen, wêrûnder Yajima, foarmen yn 2005 de groep Cute. Hoewol't se net it âldste lid fan dat bandsje wie, krige Yajima wol de liedersrol taparte doe't Erika Umeda witte liet dêr neat foar te fielen. It duorre oant 2006 ear't Cute foar it earst in optreden fersoarge, en de earste single kaam pas yn febrewaris 2007 út.

Njonken har lidmaatskip fan Cute is Yajima ek belutsen by de Little Gatas, in groep binnen it Hello! Project Kids. Fierders presintearret hja in wykliks radioprogramma mei as titel Cutie Party, dat se oernommen hat fan Megumi Murakami doe't dy Cute ferliet. Yn 2008 waard Yajima selektearre as lid fan High-King, in nije groep binnen it Hello! Project. Ek spile se yn 2009 yn 'e film Fuyu no Kaidan ("Winterspûkferhaal"), yn 2012 yn 'e tillefyzjesearje Sūgaku Joshi Gakuen en stie se datselde jiers op 'e planken as Hitomi Kisugi yn it toanielstik Cat's Eye.

Trivia bewurkje seksje

Yajima har jongere nicht Akari Takeuchi is in lid fan S/mileage, in oare groep binnen it Hello! Project. Yajima har fans hawwe har de bynamme Ameonna of "Reinfaam" jûn, om't sy ferantwurdlik wêze soe foar it feit dat it sa faak reind by optredens fan Cute.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.