Maite Gonzalez Esnal

N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Maite. De earste efternamme (fan heitekant) is Gonzalez, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Esnal. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Gonzalez of oars Gonzalez Esnal brûkt wurde.

Maite Gonzalez Esnal (Donostia, 12 septimber 1943) is in Spaansk-Baskyske skriuwster en oersetter dy't yn it Baskysk skriuwt.

Maite González studeearre Filosofy en Letterkunde oan de Autonome Universiteit Barcelona. Hja koördinearret ferskate lêsworkshops yn Hondarribia en Irun.

Har berneboek Mari-Marietta waard yn 1996 nominearre as bêste Baskyske berneboek foar de Spaanske jeugdliteratuerpriis en einige op it twadde plak. Albertina Soepboer sette Mari-Marietta út it Spaansk nei it Frysk oer.

Maite Gonzalez Esnal sette wurk fan Mercè Rodoreda, Marguerite Yourcenar en Eugénio de Andrade oer nei it Baskysk.

Gonzalez Esnal wennet fan 1999 ôf mei har partner Josse de Haan (1941-2020) yn it doarp Hendaye, yn Frânsk Baskenlân.

Karút:

  • Bertan Ikusia - (ferhalen en sjongpoëzy fan de Bertsolari’s, 1984)
  • Mari-Marietta - (berneboek 1995; útj. Alberdania yn Irun)
  • Lapitz baten ibilerak (De reis fan it potlead - berneboek 1997; útj. Erein)
  • Maiderren taupada-bilduma (2002, Alberdania)
  • Viajes, frutas, barrios, 2014

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: