Makkumer Djip
It Makkumer Djip is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is de ferbining fan Makkum mei de Iselmar. De sânplaat de Makkumerwaard foar de kust fan Makkum waard nei it graven fan it kanaal ferdield yn de Makkumer Noardwaard en yn de Makkumer Súdwaard. Op de Súdwaard, ferbûn mei Makkum, waard in yndustryterrein oanlein. Letter folge it rekreaasjepark (camping en jachthaven) de ‘Holle Poarte’. De Noardwaard bleau in eilân en is sûnt 1985 natuerreservaat fan It Fryske Gea.
De namme Makkumer Djip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Makkumerdiep.