Makkumerwaarden
De Makkumerwaard of, yn it meartal: de Makkumerwaarden, is in natoergebiet fan de feriening It Fryske Gea oan de Fryske Iselmarkust, even ten suden fan de Ofslútdyk.
Makkumerwaarden | ||
Kaart fan de terreinen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Makkum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 467 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
It gebiet leit yn de gemeente Wûnseradiel by Makkum en Piaam en bestiet út trije eilannen. Fan noard nei súd giet it om de Noardwaard, de Súdwaard en de Koaiwaard. Om dizze gebieten leit boppedat in grut wetterfûgelreservaat, dat leit tusken de Ofslútdyk yn it noarden en it doarp Gaast yn it suden oer in breedte fan sa'n oardel oant twa kilometer.
De trije waarden foarmje mei elkoar in 467 hektare grut natoerterrein, dat bestiet út reidfjilden, somperûchten, blomrike healannen, bizen, strewellen en wylgebosken. It wetterwyldreservaat bestiet út in frij ûndjipe (± 3 meter) en fiedselrike kuststripe fan de Iselamar. Dizze gebieten meirekkene is de totale oerflakte rom 2300 hektare. Beide gebieten waarden earst beskerme as in beskerme Natoermonumint Fryske Iselmarkust, tsjintwurdich is dat gebiet ûnderdiel woarn fan it grutte Natura 2000-gebiet "Iselmar". Nei it suden lizze lâns de Fryske Iselmarkust noch fergelykbere gebieten yn de Warkumerwaard.
Skiednis
bewurkje seksjeFoar 1932 bestienen de Makkumerwaarden noch mar út in rige keale sânplaten dy't by heech wetter ûnderrûnen. Nei de ôfsluting fan de Sudersee foelen de platen diels drûch en rekke it gebiet ûntsâlte sadat it gebiet begroeid rekke mei ûnder oare reid en wylgebosken. De Noard- en Súdwaard waarden fan elkoar skieden doe't yn 1928 in geul baggele waard foar in bettere berikberheid fan de haven fan Makkum. Dêrby waard it baggerslib op de kop fan de Súdwaard stoarten, sadat him dêr nei ferrin fan tiid rekreaasjesintrum ‘de Holle Poarte” ûntwikkelje koe. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard ûngefear de helte (± 100 hektare) fan de Súdwaard ynpoldere en omsetten yn greidepolders. Inkele jierren ferlyn waard it rekreaasjesintrum útwreide op in grut diel fan dizze grûnen troch ûnder oare de bou fan fakânsjehúskes, in rekreaasjestrân en wetterpartijen. De súdpunt en de rânen fan de Súdwaard binne diels bekaaid, mar wol natoergebieten bleaun mei benammen in soad reidfjilden. Yn de Noardwaard én yn de Koaiwaard is troch gedieltlike ferrûging fan de reidfjilden neist rûchten en strewellen ek in flink stik opgeand wylgebosk ûntstien.
Floara en fauna
bewurkje seksjeMakkumerwaard is benammen ferneamd om it wetterwyldreservaat mei soarten as klút, wytstirns, grutte stirns en in protte einesoarten en meardere einen, swannen en guozzen. Fierders sitte der in soad reid- en moerasfûgels lykas reiddomp, snilekrûper, burdmantsje, reidklyster en wetterhintsje. Yn de winter komme hjir grutte oantallen einen, guozzen en swannen foar. De reidlannen wurde drok besocht troch groepen wettersnippen. Rôffûgels yn dit gebiet binne ûnder oare brune hoarnskrobber en fiskearn.
Yn de reidfjilden binne in soad djerreblommen te finen. Oan de rânen dêrfan en yn de rûchten komme soarten foar as wyld geiteburd, faleriaan, giele rút en grutte kaarde. Undjippe wetters binne útsein mei reiden en bizen in soad begroeid mei bearzerûch, dy't in soad fretten wurde troch it wetterwyld. De healannen binne krektas de reidlannen tige ryk oan plantesoarten mei ûnder oare orchideeën, echte koekútsblommen en meardere soarten siggen. It gebiet is ek ryk oan kikkerts en podden en oan flinters en oare ynsekten.
Rekreaasje en tagonklikheid
bewurkje seksjeOp de noardside fan de Súdwaard, oan it Makkumer Djip, is in grut rekreaasjesintrum (de Holle Poarte) oanlein mei ûnder oare in grutte syl- en jachthaven, in camping, in rekreaasjestrân en in grut terrein mei fakânsjehúskes ('chalets').
De natoergebieten yn de Makkumerwaarden binne beheind tagonklik. Yn de Súdwaard is in kuierrûte oanlein en besteane plannen foar noch ien om it rekreaasjesintrum de Holle Poarte, dat inkele jierren lyn belangryk útwreide waard. Op de Koaiwaard stiet in fûgelsjochhutte, te berikken nei in koarte wanneling fan it oan dit gebietsje wijde Fûgelmuseum Piaam “It Fûgelhûs” ôf. Fierders is dit gebiet fan de omlizzende wegen en diken ôf prima te oersjen. In diel fan de Súdwaard tichtby it rekreaasjesintrum sil ynrjochte wurde as natoergebiet mei kuiergelegenheid.
Behear
bewurkje seksjeDe Makkumerwaard is in gebiet dat troch de trochgeande ferswieting en ferâldering fan de eartiids hielendal ûnbegroeide platen steesoan mear nei de foarming fan rûchten en bosken liket te gean. Hoewol't benammen de natoerwearden fan de reidlannen bekend binne, wurde ek de waarden fan bosk en rûchte troch de behearders heech ynskatten, sadat se har foar in grut part by dizze natoerlike ûntwikkeling dellizze.
De floara en fauna fan de ûndjippe kustwetters toant, al wurdt it minder, noch altiten de spoaren fan it sâlte ferline fan foar de Ofslútdyk. Om dêr wat fan te bearjen en mooglik werom te krijen, binne plannen yn stúdzje om in eksperimintele "kompartimentearring" te meitsjen tusken de ôfslútdyk en de Noardwaard, sadat in inkele hûnderten hektare grut gebiet wer wat fersâltsje kinne soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |