Maksimiliaan Kolbe
Maksimiliaan Maria Kolbe O.F.M. (Poalsk: Maksymilian, berne as Rajmund Kolbe op 7 of 8 jannewaris 1894 yn Zduńska Wola, Wisłalân, Russyske Keizerryk; ferstoarn op 14 augustus 1941 yn konsintraasjekamp Auschwitz) wie in Poalske Fransiskaan, útjouwer en publisist. De Roomsk-Katolike Tsjerke ferearet him as hillige en martler en ek de Protestantsk-Lutherkse Tsjerke yn Amerika en de Anglikaanske Tsjerke betinke Kolbe as in tsjûge fan it leauwe. Syn liturgyske feestdei falt op 14 augustus.
Rajmund Kolbe | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 7 of 8 jannewaris 1894 | |
berteplak | Zduńska Wola, Russyske Keizerryk | |
stjerdatum | 14 augustus 1941 | |
stjerplak | Auschwitz | |
wurkpaad | ||
berop | preester, útjouwer | |
kleasteroarder | Ordo Fratrum Minorum (Oarder Minderbruorren) | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | 17 oktober 1971 troch paus Paulus VI | |
hillich ferkl. | 10 oktober 1982 troch Jehannes Paulus II | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 10 oktober 1982 | |
attributen | kampklean | |
patroan fan | radio-amateurs, fan drugsferslaafden, de Hûshâlding, sjoernalisten, finzenen en de pro-lifebeweging |
Yn it ynterbellum wie Kolbe as pater in besiele misjonaris. Yn 1941 waard er oppakt en nei Auschwitz stjoerd, dêr't er in oare finzene dy't feroardiele wie ta in wisse dea frijwillich ferfong. Kolbe waard mei in gifynjeksje fermoarde en paus Jehannes Paulus II ferklearre him op 10 oktober 1982 hillich.
Libben
bewurkje seksjeRajmund Kolbe wie un soan fan Juliusz Kolbe en Marianne Dąbrowska en waard grutbrocht yn in arbeidersmilieu. Hy hie fjouwer bruorren: Franciszek en Józef, dy't harren letter ek by de Fransiskanen joegen, en Walenty en Antoni, dy't alletwa yn harren bernetiid oan tuberkuloaze ferstoaren. Syn heit stamde út in Dútsk weverslaach en wurke ynearsten as fabryksarbeider yn Łódź en sûnt 1897 yn Pabianice. Dêrnei wurke er yn de hannel fan religieuze boeken. Beide âlden hearden ta de Tredde Oarder fan Sint-Fransiskus. De mem wurke yn in lytse saak en fertsjinne by as baakster. Nei de dea fan har man waard hja in benediktynske non.
Rajmund Kolbe hie as jonge al in soad niget oan fysika en al ier waard by him in talint foar de natoerwittenskip fêststeld. It wie oan de ynfloed fan de Fransiskaanske misjonarissen yn Lviv te tankjen dat de bruorren Rajmund en Franciszek en in jier letter ek Józef it beslút namen ta de treden ta de oarder. Rajmund sette op 4 septimber 1910 mei syn stúdzje útein oan it Fransiskaanske seminaarje fan Lviv, dêr't er de oardernamme Maksimiliaan Maria oannaam. Hy waard letter nei de Pontifikale Unifersiteit fan Sint-Bonaventura yn Rome stjoerd en lei dêr yn 1914 syn ivige ûnthitten ôf. Hy ferdigene syn doktorale dissertaasje yn filosofy yn 1916 en yn teology yn 1919. Maksimilaan Kolbe waard yn 1918 yn Rome ta preester wijd en droech dêr ek syn earste misse op.
Wurk
bewurkje seksjeYn 1919 gyng Kolbe werom nei Poalen en wurke yn Krakau en Lviv, mar hy krige tuberkuloaze en moast nei it Tatra-geberchte foar in behanneling. Dêr lei Kolbe de grûnslach foar it stiftsjen fan de katolike organisaasje Militia Immaculatae ("Ridderskip fan de Ûnbeflekte"). Nei de Earste Wrâldkriich boude dy organisaasje op sa'n 40 kilometer fan Warsjau in eigen missysintrum "Niepokalanów" op. De Militia Immaculatae wie in organisaasje mei in fûle Marijeferearing en rjochte him benammen op de jongerein. Underdiel fan Niepokalanów waard ek in katolike útjouwerij, dy't hjoeddedei noch bestiet. De periodyk "Ridders fan de Unbeflekte" besocht de lêzers yntellektueel te ferheffen en hie yn 1938 al in oplage fan ien miljoen.
Yn 1930 krige Kolbe tastimming om mei fjouwer religieuzen as misjonaris nei Japan te gean, dêr't er tusken 1931 en 1935 yn Nagasaki in nij kleaster stifte, de Japanske ferzje fan de "Ridders fan de Immaculata". De Japanske ferzje fan Niepokalanów (Mugenzai no Son; Tún fan de Unbesmodske Untfinzenis) waard net lykas útsteld yn de katolike wyk fan Nagasaki boud, mar op ien fan hellings op de bergen om de stêd. Fjirtjin jier letter die bliken dat it beslút om it kleaster net yn de katolike wyk te bouwen in tige wiis beslút west hie: doe't op 9 augustus 1945 de stêd troch in atoombom troffen waard, beskerme de berch it kleaster tsjin de troch de atoombom feroarsake skokweagen. Yn Japan makke Kolbe ek kennis mei de amateurradio en nei't er yn 1936 werom gyng nei Niepokalanów woed er ek yn Poalen in radiostasjon stiftje. Dat slagge ynearsten net fanwegen wetlike beheinings, mar nei't er him oansletten hie by de Poalske Uny fan Radioamateurs sette er sûnt de jierwikseling fan 1936 nei 1937 ûnder it SP3RN-ropteken út mei it útstjoeren fan programma's oer hast it hiele lân. Under lieding fan Maksimiliaan Kolbe waard Niepokalanów it grutste katolike kleaster fan 'e wrâld. Yn septimber 1939 telde it kleaster mear as 700 muontsen en novises.
Dútske besetting
bewurkje seksjeOp 19 septimber 1939 waard pater Maksimiliaan tegearre mei noch 34 bruorren, 2 preesters en in seminarist arrestearre. Hja waarden nei in kamp by Łambinowice (Dútsk: Lamsdorf ) en letter nei Gębice (Dútsk: Amtitz ) brocht. Op 9 novimber 1939 waarden hja oerbrocht nei it kamp yn Ostrzeszów (Dútsk: Schildberg) en op 8 desimber (op it feest fan de Unbesmodske Untfinzenis fan de Hillige Jongfaam) wer frijlitten.
Op 17 febrewaris 1941 waard er op 'e nij arrestearre en nei ferhoar opsletten yn de Pawiak-finzenis by Warsjau. De reden wie dat er yn Niepokalanów joaden en oare flechtlings ûnderdûke liet. Op 28 maaie folge de deportaasje nei it konsintraasjekamp yn Auschwitz, dêr't er it kampnûmer 16670 krige. Hy waard yndield by it "Babice"-kommando, dat beammen kappe moast. Temûk naam Kolbe syn taak as preester ek yn it kamp serieus en naam er oare finzenen de bycht ôf of fierde er de eucharisty.
Martlerskip
bewurkje seksjeOp 29 july 1941 waard in tal manlju by it appel selektearre om foar straf fermoarde te wurden. Oanlieding wie in fermiste finzene, dy't lykwols net flechte wie mar letter dea werom fûn waard. Doe't ien fan de selektearre manlju, Franciszek Gajowniczek, heit fan twa soannen, lûd om himsels en syn hûshâlding begûn te skriemen, bea pater Kolbe oan om syn plak yn nimmen. SS-Hauptsturmführer Karl Fritzsch willige it oanbod fan Kolbe yn en op 31 july 1941 waard pater Kolbe yn de beruchte hongerbunker fan blok 11 opsletten. Dêr bidde er mei syn lotgenoaten en treaste er harren. Doe't pater Kolbe mei trije oare feroardielden op 14 augustus noch net fan 'e honger en de toarst stoarn waard en it marteljen stoarn wiene, krigen hja op dy dei in deadlike fenolynjeksje. Kolbe waard op 15 augustus kremearre, de dei fan Marije-Himelfeart. Gajowniczek oerlibbe it kamp en ferstoar yn 1995.
Hillichferklearring
bewurkje seksjePaus Paulus VI ferklearre Maksimiliaan Kolbe yn de Petrusbasilyk yn in plechtige misse sillich. Likernôch 150.000 wiene by de sillichferklearring oanwêzich, wêrûnder in Poalske delegaasje ûnder lieding fan de doedestiidske kardinaal Stefan Wyszyński, Karol Wojtyła (de letter paus Jehannes Paulus II) en Franciszek Gajowniczek, de finzene dy't fermoarde wurde soe. Kolbe wie de earste Poal dy't nei de Twadde Wrâldkriich sillich ferklearre waard.
Op 10 oktober 1982 folge de hillichferklearring op it Sint-Piterplein yn Rome troch paus Jehannes Paulus II.
Ferearing
bewurkje seksjeAlhoewol't pater Maksimiliaan nei syn dea kremearre waard, binne der in pear reliken fan earste klasse bewarre bleaun. It giet om hier fan 'e holle en syn burd, dy't troch twa bruorren bewarre bleaun binne doe't pater Maksimiliaan yn Niepokalanów troch dy bruorren knipt waard. Fierder binne der fan pater Maksimiliaan persoanlike oantinkens, klean en liturgyske saken bewarre bleaun.
Maksimiliaan Kolbe is patroanhillige fan de radio-amateurs, fan drugsferslaafden, fan de hûshâlding, sjoernalisten, finzenen en de pro-lifebeweging. Syn stjerdei is ek syn feestdei (14 augustus).
Kontroverse
bewurkje seksjeKolbe wie net allinne in oertsjûge katolyk en fersetsstrider tsjin it nasjonaal-sosjalisme, mar ek in antykommunist. Kolbe moast ek neat fan de frijmitselderij, dy't er omskreau as in organisearre klyk fan fanatike joaden, dy't der op út wiene de Tsjerke te ferneatigjen. Hy skreau "it ateïstyske kommunisme liket jimmeroan mear tekear te gean. De oarsprong kin maklik fûn wurde yn dy kriminele maffia dy't himsels frijmitselderij neamd, en de hân dy't dat alles nei in dúdlik doel liedt is it ynternasjonale zionisme. Wat net sizze wol dat der ûnder joaden gjin goede minsken binne".[1] Yn de kranten dy't er útjoech stiene ek artikels dy't skreaune oer in zionistysk plan om de wrâld te oerhearskjen. Oant de dei fan hjoed wurde sokke wurden troch kritisi oangrepen om te bewizen dat Kolbe fijannich foar de joaden oer stie. Oaren wize der lykwols op dat de joadske kwestje mar in hiele lytse rol spile yn it tinken en it wurk fan Kolbe. Op grûn dêrfan èn dat der 1500 oant 2000 joaden yn it troch Kolbe stifte kleaster in skûlplak fûnen, wurdt Kolbe's fermiende antisemitisme troch Holocaust-gelearden lykas Daniel L. Schlafly jr., Warren Green en oaren wjerlein.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|